Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
29 results
Place of Narration: Veenwoudsterwal Narrator Gender: male
Myn omke sei altyd tsjin Binne: "Ik warskôgje dy ast my hwat dochste, hwant dan slach ik dy dea." Dan sei Binne: "Ik doch dy neat."
nl.verhalenbank.38072
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dêrtroch wienen de froulju sa bang foar him.
nl.verhalenbank.37962
Hy liet soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dy gongen dan oer de keamer.
nl.verhalenbank.38050
Jehannes tsyske koe ek de turven marsjeare litte.
nl.verhalenbank.38296
Jehannes tsyske koe de wyn draeije litte.
nl.verhalenbank.38308
Binne kastelein wie in gefaerlik man. Hy bitsjoende it fé. Soms wienen alle bargen samar dea, as hy der west hie. Ek minsken bitsjoende er wol. Der waerd froeger by ús in gat yn 'e drompel boarre en dêr waerd in stik duveldrek ynlein. Dat wie foar tsjoenderije.
nl.verhalenbank.38070
Jehannes Meerstra koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte, mar ek skierroeken. Hy lies dêrby út in toverboek. Hy moest itselde weromlêze, dan gongen se wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.37961
Jehannes is greatbrocht by Feije en Baeije. Dêr wie ek in fanke yn 'e hûs. Baeije wie kreamheinster. As hja fuort wie en Feije wie ek net thús, dan liet Jehannes de tange yn 'e hûs dounsje foar 't fanke.
nl.verhalenbank.38049
Jehannes liet de jonge froulju samar de rokken ôfsakje en ek de broek. De famkes wienen deabinaud foar him.
nl.verhalenbank.38224
Op in kear wie Jehannes by de hellingbaes op 'e helling. Dêr liet er de hellingbaes syn hinnen samar boven oer 't skûthûs hinne fleane, mei de hoanne yn 'e midden.
nl.verhalenbank.37957
Mei bihelp fan klaverboer kinne guon in flesse drank komme litte. Klaverboer, dêr sit de duvel yn, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.37969
Jehannes Meerstra koe bûksprekke. Dat koed er sa goed, dat net in minske it yn 'e gaten hie. Dêr hat er de lju faek mei tofiter hawn.
nl.verhalenbank.37954
Jehannes koe soldaetsjes marsjeare litte, dy't er ta de hurddobbe út komme liet. Hy koe de froulju ek de rokken ôfsakje litte. De froulju wienen deabinaud foar him.
nl.verhalenbank.38082
Hy wie boerefeint en hie de gewoante altyd let thús to kommen. Op in kear wenne er by in boer, dy hie dêr in hekel oan. Dat dy die de doar op slot. Mar de oare moarns lei Jehannes wòl moai op bêd. Hy wie der samar ynkom; fêste slotten joech er neat om.
nl.verhalenbank.37963
Hjir hat ek in sekere Ruerd Boonstra wenne. Dy koe ek bûksprekke. Hy wie ris op in kear by ús, doe siet ynienen ús kat yn 'e kast to razen. Mem der hinne, mar dêr wie net in kat to sjen. Even letter hearden wy de kat yn 'e kachel. Op it lêst krige mem it yn 'e gaten.
nl.verhalenbank.37960
Der gongen ris twa man nei Greate Wopke ta dy't yn Kûkherne wenne. Dy woenen him ris foar 't lapke ha. De iene hie wetter by him fan in persoan, dy't werkelik siik wie, de oare hie wetter fan in hynder meinaem. Wopke ûndersocht it wetter en doe krigen se elk in fleske fan him. Yn 't iene siet medesyn foar de sike frou, yn 't oare siet hjouwer. (Dyselde...
nl.verhalenbank.38064
Wopke hie èk in bijestâl. De bijekuorren waerden froeger wol stellen. Dan swevelen de dieven de kuorren út, dan stutsen de bijen har net. En dan gongen se mei de kuorren mei hunnich nei hûs ta. Op in nacht wienen der dieven by Wopke syn bijekuorren. De kuorren waerden útswevele om se mei to nimmen nei hûs. Mar de oare moarns stienen se der nòch. Se koenen...
nl.verhalenbank.38065
Heit keallemestte altyd. Hy hat ris op in kear seis keallen hawn, dy't alle seis stoaren. Dat wie Binne kastlein syn wurk. Dy hie by de keallen west. Mar doe kocht heit wer in keal en hy paste op dat Binne dat net to witten kaem. Dat keal waerd net siik. Heit forkocht it keal oan Tamminga, dat wie in slachter yn 'e stêd. It keal kom yn 'e boat. Dêr seach...
nl.verhalenbank.38071
Jehannes Meerstra koe de froulju de rokken ôfsakje litte. Hy hat tsjin ús oer wenne. Hy koe de tange op 't hurdsté dounsje litte. Hy koe ek bûksprekke. Hy wie ris mei oar folk yn 't âld sûkerijfabryk oan 't wurk. Doe wie der ien, dy sei dat er sa'n sin hie oan pikelhearrings. Doe waerd der ynienen bûtendoar roppen: "Pikelhearring!" Dat wie Jehannes syn...
nl.verhalenbank.38209
Op in kear sutele er mei tsiis. Doe kom er by Hiltsje, Klaes Hoekstra syn wiif. "Matte jo ek tsiis ha?" frege er. "Né," sei Hiltsje, "ik ha noch wol in healen-ien." "Né," sei Jehannes, "jo ha mar in lyts stikje mear." Doe seach Hiltsje it nei. Har man, Klaes, gong moarns fuort mei de seine, en dy hie in hiel stik fan 'e tsiis ôffike en dat yn 'e keats...
nl.verhalenbank.38222
29