Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: komen Place of Narration: Veenwoudsterwal
Mei bihelp fan klaverboer kinne guon in flesse drank komme litte. Klaverboer, dêr sit de duvel yn, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.37969
Jehannes koe soldaetsjes marsjeare litte, dy't er ta de hurddobbe út komme liet. Hy koe de froulju ek de rokken ôfsakje litte. De froulju wienen deabinaud foar him.
nl.verhalenbank.38082
Hy wie boerefeint en hie de gewoante altyd let thús to kommen. Op in kear wenne er by in boer, dy hie dêr in hekel oan. Dat dy die de doar op slot. Mar de oare moarns lei Jehannes wòl moai op bêd. Hy wie der samar ynkom; fêste slotten joech er neat om.
nl.verhalenbank.37963
Jehannes Meerstra koe de froulju de rokken ôfsakje litte. Hy hat tsjin ús oer wenne. Hy koe de tange op 't hurdsté dounsje litte. Hy koe ek bûksprekke. Hy wie ris mei oar folk yn 't âld sûkerijfabryk oan 't wurk. Doe wie der ien, dy sei dat er sa'n sin hie oan pikelhearrings. Doe waerd der ynienen bûtendoar roppen: "Pikelhearring!" Dat wie Jehannes syn...
nl.verhalenbank.38209
Wy hienen in âld kachel, dêr siet in koperen ynstektsjettel yn. Klaes siet flak foar de kachel. Jehannes sei tsjin him: "Oppasse, Klaes, dêr kin samar wetter út komme!" "Né," sei mem, "dat is noch noait gebeurd." "Nou," sei Jehannes, "sjoch mar ris, dêr komt al in snjitsje." En dêr wie 't ek al sa. Doe woe Klaes de fuotten wol ynlûke, hwant it wetter sea.
nl.verhalenbank.37955
Sikke Procee hie to meanen west nei 't Bûtenfjild, mei syn broer Japik. Hja farden nou mei 't boatsje nei hûs ta, nei Feanwâldsterwâl. Mar sy koenen hast net foarút komme, hwant hja moesten lyk yn 'e wyn op. Dêr farde Jehannes Meerstra har foarby. Dy sylde samar lyk yn 'e wyn op, hwat net in sterveling koe. Hy hie der ek op út west. Doe't Sikke seach dat...
nl.verhalenbank.38294
Us heit en dy ha trije Hindrikken hawn. Dêr bin ik allinne fan oerbleaun. De oare beiden binne stoarn doe't se noch lyts wienen. Se seinen altyd Binne kastelein (= Binne Kloosterman) hie se deatsjoend. Greate Wopke hat in kear by my west. Doe wie 'k noch mar in pear wike âld. Ik wie siik en sy tochten dat ik deselde wei gean soe as de beide oare...
nl.verhalenbank.38075
7