Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
18 results
Place of Narration: Surhuisterveen
Minse Griper - dat wie de man fan Tryn Snipel, - dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Dy soldaetsjes bigongen to dânsjen.
nl.verhalenbank.22211
Tseard van Dekken wie plysje yn Droegeham. Dy stuts Ymke de Jong op 'e merk de gek alris oan. Doe hat Ymke him in hiel skoft stean litten. Hy koe net in kant mear út.
nl.verhalenbank.27250
"Dêr stieste, nou kinste net fierder." Dat sei Ymke de Jong tsjin 'e plysje yn de Ham. Doe koe de plysje net in stap mear dwaen.
nl.verhalenbank.22072
Hindrik v.d. Molen, ek wol neamd Hindrik duvelbander fan Grinzer Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.25229
Foppe Sint fan 'e Harkema liet de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy marsjearden dan by him oer der flier.
nl.verhalenbank.26862
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster. Hy koe him yn in kat foroarje. Us heit hat us in kear in greate swarte kat in lawibes forkocht en de oare deis hie Harm in dikke blauwe earm. Hy wie forlegen fan 'e pine.
nl.verhalenbank.19886
In tsjoenster wie meastal in âld-minske. Janne Luts wie yn myn bernetiid in tsjoenster yn 'e Boelensloane. Sy brocht altyd hwat by ús, dat moesten wy opite, mar dat doarsten wy net heal to dwaen. In tsjoenster foroare har faek yn in kat. Op in kear hie yn 'e Boelensloane in man in fremde swarte kat by him yn 'e hûs. Hy hat dy kat pakt en slein en der út...
nl.verhalenbank.36062
Minse Griper fan 'e Boelensloane liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme, dy't moai yn gelid marsjearden. Hy liet de liuwe ek samer stean, as er dat woe. Mei skoppenboer koe er in flesse drank komme litte. Dy flesse sweefde boven de tafel.
nl.verhalenbank.24262
Yn Surhústerfean wenne froeger plysje de Vries. Dêr wienen se allegearre bang foar. Hy plichte to sizzen: "En wij spelen met jou, de Vries blijft baas op Surhuisterveen." Imke de Jong wie dêr us in kear. Dy sûpte him sa dronken dat plysje de Vries pakte him en brocht him yn 't hounegat, wylst er sei: "En wij spelen met jou, de Vries blijft baas op...
nl.verhalenbank.22058
By Minse Griper lieten se wol us in flesse drank komme. Mar it wie altyd in toer om ien to finen dy't de flesse oankrije doarst. Deselde dy't dat die smiet it earste romerfol oer de kop fuort. En dan dronken se it op. De flesse sweefde foar de doar.
nl.verhalenbank.22169
Foppe Sint hie ek in wikseldaelder. Die hied er krigen foar in swarte kat. Dêr roan er trije kear mei om it tsjerkhôf hinne, en dan rôp er elke kear: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hat de duvel him dy wikseldaelder jown. Hy hie tonei noait mear forlet fan jild. Dêrtroch hat er de bynamme fan 'Sint' krige.
nl.verhalenbank.26863
Heit hie in mot mei biggen. (Stammerige Harm wie in swager fan heit. Mem wie in healsuster fan Harm syn wiif. Sadwaende moest ik omke sizze tsjin Harm. Mar o, it wie sa'n stjonkert!) Hy kom by ús heit om nei de biggen to sjen. Hy sei tsjin heit: "Dêr mat ik in pear biggen fan ha." Hy woe der twa fan keapje. "Goed", sei heit. Harm hie in stok by him. Mei...
nl.verhalenbank.19887
Imke de Jong wie op Feanster merke. Mar tagelyk wie er ek yn Ljouwert as soldaet. Hy wie op mear as ien plak tagelyk. As se him opsluten, dat joech neat. Hy wie der samar wer út, hy koe alle slotten baes. Op in kear, doe sochten de plysjes om him. Doe kuijere Imke, moai forklaeid oer de wei. Der kom in wein mei plysjes oan, dy't om him út wienen. Hy frege...
nl.verhalenbank.27047
Ik siet us in kear yn 'de Lauwers', dat is in kroechje, even bûten Surhústerfean. 'k Wie achttsjin jier âld. Doe kom der in ploechje Grinzers oan. 't Wienen trije man. Dy koenen duvelskunsten. Ien sei tsjin my: "Hwat kaert hast yn 'e holle? Dêr mast oan tinke." It wie harten acht, mar dat sei 'k net fansels. Doe smiet er in hiel pakje kaerten tsjin 'e...
nl.verhalenbank.22076
Der binne guon, dy ha de kweade hân. Heit wie fékoopman en dy hat it wol meimakke dat sa'n ien mei de hân oer in skiep of geit hinnestruts, dan woarde sa'n dier siik. En dan kocht dyselde it foar de helte fan 'e priis. Edzer Sint fan 'e Harkema woenen se noait by it fé ha. As dy op it hiem kom kearden se him. Hy hie in wikseldaelder en wie noait sûnder...
nl.verhalenbank.22071
Stammerige Harm syn mem hie in winkeltsje. Op in joun sieten se dêr meielkoar oan 'e kofje. Doe sei 't minske ynienen: "Nou is 't aanst myn tiid." "Hoe dat sa?" sei ien fan 'e oaren. Guon makken der in grapke fan. Ien sei: "Ast it liichste, mast de stok oer de bealch ha." Klokslach tolwe ûre yn 'e nacht die 't minske noch ien snok en doe wie se dea. Sy...
nl.verhalenbank.19889
Doe't wy krekt troud wienen, wennen wy oan 't Wyldpaed by pake yn. Wy hienen al in pear bern. Alle moarnen kom stammerige Harm by ús lâns. Hy hie in sek by him, hwant hy roan to skoaijen. Elke kear bleau Harm by ús foar 't glês stean en dan frege er: "Hoe giet it mei de lytse jonge?" Ik sei altyd: "Goed." Mar sa faek as Harm dêr stien hie, bigong de jonge...
nl.verhalenbank.19888
Dy't it mei heit oan 'e stok krige, dat wie net bêst. Hy wie ta in moart yn steat. Op in kear doe hied er blauwe Turken kocht fan Jarich Hollander. Jarich wenne ek oan 'e Fjouwer Roede, flak by heit en dy. Blauwe Turken dat binne ierappels. Jarich sei, dy moesten bêst wêze. Mar sy koenen dy ierappels net ite, sy wienen sterk. Heit hie se bitelle, dus sy...
nl.verhalenbank.22210
18