Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Rikele Myt biwearde, duveldrek moest fan in tsjoenster komme, oars holp it net.
Rikele Myt hie in freeslik gesicht.
nl.verhalenbank.27543
Imke de Jong koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.27541
Olle Hendrik van der Molen liet de mensen stief stoan met de mond open. (= Hindrik Pikelhearring)
nl.verhalenbank.25854
Edzer Brúntsje koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to exersearen.
nl.verhalenbank.27545
Mei skoppenboer koe Edzer Brúntsje (= E. Bruining) in flesse drank helje. Edzer Brúntsje fan Surhústerfean wie in âld tsjoenster.
nl.verhalenbank.27544
Kreeg je een appel van een old mins en dat olle mins was een tsjoenster en je lei die appel in een kast, dan was die appel een poar dagen loater feranderd in een spin.
nl.verhalenbank.27319
In apel fan in tsjoenster foroare yn in pod.
Fan Rikele Myt doarsten wy noait hwat oan to nimmen.
nl.verhalenbank.27536
Je moet bij een tsjoenster nooit driemoal achter elkoar 'ja' zeggen. Dan het se je in de macht.
nl.verhalenbank.27320
Under tsjinst wienen se forlegen mei him. Sy moesten dêr exerseare, mar hwat Imke to dwaen hie, dy wykte der by wei en roan op it wetter om.
nl.verhalenbank.24166
In de Parken woonde een old minske en doe hadden se op in kat skoten. De volgende dag hat dat old minske in sear oog had.
Dat was de kat.
nl.verhalenbank.27321
Tsjoensters moakten kronen in 't kussen. As se die forbrandden dan was de olle heks dood.
nl.verhalenbank.27322
Doe't Imke de stêd forliet, ha se him op trije plakken tagelyk troch de poarten útgean sjoen.
nl.verhalenbank.24168
Yn in peerdespul haw ik wolris ien sjoen, dy't troch de balke krûpe koe. Dat koe Imke ek.
nl.verhalenbank.24169
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje.
Soms joegen se in kat wol us in opdonder, dan koenen se de oare deis gewaer wurde hwa't de tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.25981
Jouns kom pake by heit en dy to praten. Dan koenen se altyd oan 'e kat sjen fan hokker kant as hy der yn kom. As hy der wie dan gebeurde 't wol dat mem it fé fuorre. Dan fleagen de hinnen mei omdraeide koppen fan 't rik ôf.
nl.verhalenbank.27173
As Rikele Myt har man nachts wekker woarde, wie 't krekt as der in pânse njonken him op bêd lei. Dan wie Myt der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.25987
By Ate Meter dêr wie altyd in grouwe, swarte kat om 'e doar hinne. Ate hie 't net op dy kat stean. Hy hie al in pear kear prebearre der in raem op to dwaen, mar hy koe him noait ûnder 'e hân krije.
Op 't lêst hied er goed oppast. Doe't de kat der wer oankom hied er in dikke kneppel yn 'e hân, doe die er de doar fluch iepen en sloech ta. Hy rekke de kat....
nl.verhalenbank.25988
Pake en beppe binne letter hjir yn 't werkhûs tolânne kom.
Doe't pake op syn stjerbêd lei sieten heit en mem der by. Doe sei pake wit hoe lûd: "Toe duvel, goai der noch mar in takkebosk yn!"
Beppe wie doe al dea. Pake en beppe wienen beide oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.27179
Hjir kom froeger wol in man, dat wie Imke de Jong. It wie in gûchelder. Hy liet de minsken stil stean. Dan koenen se net in stap gean.
Hy krûpte ek troch in pomp.
Op in kear siet de plysje achter him oan. 't Wie yn Den Helder. Imke roan hurd nei de kade ta. Dêr sprong er yn 't wetter en hy swom ûnder in greate boat troch en hy kom op in hiel oar plak wer...
nl.verhalenbank.26923
Imke hie nocht oan ûnnocht. Der wie in frommes dat skreau har van der Iest. Hy toande har sterke stikken. Doe sei se: "Al hwatstû ek mânsk bist, dû krijst my de klean net fan 'e hûd." 't Wie in mounich frommes.
Mar Imke liet har de klean ôfsakje oant se op 't lêst allinne noch it himd oan hie. Hy sei: "Mat dat ek noch út?"
"Né," sei se, "lit it sa mar."
nl.verhalenbank.24165