Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Kootstertille
Imke de Jong hie us in kear rûzje hawn mei twa hege mannen. Dat wienen ofsieren. Hy sei tsjin heit: "Dêr sille wy in grap mei ha." Sy skelden op him. Doe liet er dy beide ofsieren de klean ôfsakje. Hja kommen dêr pûrneaken to stean. Hy sei: "Nou geane wy fuort. Sy matte har mar even rêdde." Doe ha se him letter noait wer fêst hâlden.
nl.verhalenbank.21581
Op in snein-to-joun wienen heit en Imke togearre oan 't kuijerjen. Doe kommen se in âld mantsje tsjin, dat wie to fiskjen west. "Ha jo hwat fangd?" fregen se. "Né", sei er. "Wolle jo graech hwat fisk ha?" frege Imke. Dat woed er graech. "Kom dan mar mei", sei Imke. Doe lei dêr in skip. Dêr gongen se hinne. "Smyt jo jou angel dêr mar út", sei Imke. Doe hie...
nl.verhalenbank.21580
Op in joun doe hienen heit en Imke der togearre op út west. Doe kommen se in pear froulju foarby. De manlju seinen 'joun', mar dy froulju seinen neat werom. Imke sei tsjin dy froulju: "Bliuw jim mar even stean." En dat wie gebeurd. De froulju forsetten gjin foet mear. Doe't dat in skoftsje sa duorre hie, sei heit tsjin Imke: "Dû mast se wer gean litte."...
nl.verhalenbank.21578
Heit en Imke de Jong soenen us in kear nei in hynstespul ta. Dêr wienen in protte minsken. Der lei in hiele greate balke yn 't midden. Dêr koe in man trochhinne krûpe. Hy bigong oan 'e ein fan 'e balke. Dêr krûpte hy der yn. Op 'e oare ein soe hy der dan wer ta'n út komme. Doe't er sahwat yn 'e midden wêze moest, hied er lûd jown. "Hwer bin ik nou?" frege...
nl.verhalenbank.21602
Wytse Aefke har pake, dat wie Oene Kempenaar. Dat wie in hiele fremden ien. Hy koe tsjoene. Hy koe de minsken ek better meitsje, as se siik wienen. As der ien in bloednoas hie, gongen se wol nei him ta. Dan sei er: "Wolst it hâlde of wolst wer better?" Dan sei dyselde fansels: "Ik wol wer better." Dan preuvele hy hwat en hy meneuvele hwat mei de hannen....
nl.verhalenbank.29565
Us heit, Joeke Wybenga, wie ûnder tsjinst mei noch ien. Dat wie in Grinslanner en dy koe mear as in oar. It wie Imke de Jong. Dêr wie heit wol faek by. Op in kear doe hienen se honger. Imke sei tsjin heit: "Sille wy togearre in bôlle keapje?" "Jonge ja", sei heit. Doe gongen se in bakkerswinkel yn en kochten in bôlle. Heit lei in goune op 'e toanbank. Mar...
nl.verhalenbank.21577
In neef fan myn heit koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy liet se der ek wer yn gean. Ik ha 't sels sjoen. Hy kom út Amerika. Hy koe ek bûksprekke. Hy wie us by ús, doe wienen wy yn 'e keamer en hy stie yn 'e skuorre. Sa praette er mei ús sûnder dat men hearre koe dat er net yn 'e keamer wie. Hy hie faek forlet fan jild. Hy kom dan by ús âlde...
nl.verhalenbank.21576
Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs....
nl.verhalenbank.21572
8