Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
16 results
Place of Narration: Hurdegaryp
Hwat men fan in tsjoenster opyt, kin yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.18101
Jehannes Meerstra hie in toverboek. Op in nacht wie er dêr yn oan 't lêzen, mar doe krige er 't sa binaud, dat hy smoarde hast. Doe hat er it toverboek yn 'e rogge smiten, doe gong dy binaudens wer oer.
nl.verhalenbank.31054
Wibe Kloetstra syn beppe Ymk wie in tsjoenster. Sy wenne op Burgumerheide. Wy hienen in skiep, dat hie se bitsjoend. It beest wie alhielendal wyld en fleach by de muorren op. Doe ha wy Alle (fan Burgumerheide) komme litten en dy hat hwat guod op it sket dien, dêr't it skiep troch moest en doe wie 't samar genezen.
nl.verhalenbank.18099
Imke de Jong koe twa pipen op elkoar op 'e noas stean litte. Hy liet twa man tagelyk sliepe. Ien liet er laitsjend wekker wurde en ien skriemend.
nl.verhalenbank.19839
Bearn wegwerker (Bearn Reitsma) koe soldaetsje ta de hurddobbe útkomme litte en dy marsjearden dan oer de flier. Bearn wenne yn Eastemar.
nl.verhalenbank.19788
Froukje tsjinne by minsken yn Quatrebras. (Dêrnei hat myn suster dêr tsjinne) Froukje gong faek nei in winkelfrou ta yn Quatrebras om boadskippen. Dy winkelfrou dat wie in tsjoenster. Hja joech faek suertsjes en muntsjes of dropkes op 'e boadskippen ta, mar Froukje iet se noait op. Dêr paste se wol foar op. Sy lei dat spul op it bêdsbuordtsje del. En sy...
nl.verhalenbank.18100
Jemke Romke fan Stateheide wie in tsjoenster. Sy hat ien fan 'e bern fan Klaes Vonk bitsjoend. Sy die dat troch de doeken oan 'e line to bitsjoenen. It bern is stoarn. Doe't ús mem har biklaeide, wienen 't allegearre levende dieren oan har.(dealuzen)
nl.verhalenbank.17755
By Sjoerd en Tryn op 'e Sumarreheide gong it altyd op in kaertspyljen. Sjoerd siet fol fan flokwurden. Hy stjûrde samar in kaert út en in lege flesse en dan sette de duvel even letter in flesse drank op 'e reinwettersbak del.
nl.verhalenbank.19781
In feint en in faem sieten to frijen. Der kamen strúnders om 'e doar, dy lieten hja der net yn. Imke de Jong hearde ek ta dy strúnders. Dy hie in lyts hountsje, dat liet hy der yn gean. Dat hountsje liet er greater en greater wurde. De feint en de faem krigen sa 'n lêst fan it beest, dat se lieten de strúnders deryn.
nl.verhalenbank.19838
Jehannes Meerstra (Tsyske) fan Feanwâldsterwâl koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. As er mei tsiis op in paed wie, koe 't wol gebeure, dat de minsken ynienen in lyts bern yn 'e feart gûlen hearden. Mar as se der hinne gongen, wie der neat to sjen. Jehannes die dat. Hy koe bûksprekke.
nl.verhalenbank.18083
Op in kear kaem Jehannes rinnende de kant fan Twizel út wei. Hy wie oan 't Swartkrús ta, doe kaem Abraham Atema him achterop mei de hounekarre. Dy passearde him. "Spring mar op 'e karre, dû kinst wol mei my ride", sei Abraham tsjin him. Mar doe't Jehannes op 'e karre siet, bleau de karre stean. De hounen woenen net mear lûke. Doe sei Abraham: "Hoe kin...
nl.verhalenbank.30451
Myn man wie us op 'e merk yn Uthuzen (Gr.). Doe wie dêr ien dy koe tsjoene. Hy sei tsjin in âlde arbeider, Dirk Bos fan Garsthuzen: "Hjir ha jo in ryksdaelder fan my." Dirk die de ryksdaelder yn 'e bûse en gong mei myn man wer op hûs ta. Mar doe't er ûnderweis us even nei de ryksdaelder sjen soe, siet er net mear yn 'e bûs.
nl.verhalenbank.18108
Ergens yn in hûs yn Ten Post (Gr.) sieten in hiel soad katten. Dy sieten mei elkoar om in greate panne mei brij hinne. Mar sy kommen der net oan, hwant ien fan 'e katten hie sein: "Net earder ite of earst mat de dikke duif komme." It wienen allegearre tsjoensters, dy katten. Der stienen minsken om 't hoekje fan 'e doar, en dy hearden dat dy kat dat sei....
nl.verhalenbank.18096
Jehannes Meerstra wenne to Feanwâldsterwâl. Se neamden him faek Jehannes tsyske, omdat er tsiis yn 'e handel hie. Dy Jehannes koe èk bûksprekke. Mar hy koe folle mear. Op in kear kaem er by in pear man op it lân. Dy wienen dêr oan 't dongstruijen. "Even in praetsje, net?" sei Jehannes. "Toe, jimme ha 't wol even oan tiid om to resten." "Né man," seinen...
nl.verhalenbank.30449
Myn man syn pake wie bitsjoend troch de boer, by hwa't er arbeider wie. Hy lei siik op bêd. De boer kom alle dagen by him. Dan gong er op 'e stoel by 't bêd sitten. Doe hat pake syn âldste dochter syn holkessen iepen makke. Doe siet dêr in kat fan fearren yn. Dy wie omtrint klear. Sy skuorde de hiele kat útelkoar. Wylst se dêr mei dwaende wie, kom de boer...
nl.verhalenbank.18097
Jehannes hat in caféke hawn to Feanwâldsterwâl op 'e Streek. Dêr liet er de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme, en dan bigounen dy moai to marsjearen. Op in kear kaem Jehannes by in muoike fan my, dat wie Anne van der Heide syn frou, Anne Ymkje, dy wenne oan 'e Veldmansreed (Rottereed, seinen se). Jehannes kaem dêr mei in kroade mei tsiis, dy't er...
nl.verhalenbank.30450
16