Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: ziek Place of Narration: Houtigehage
't Gebeurde wol faek dat sa'n kat in opdonder krige. Dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of sa.
nl.verhalenbank.25609
Alde Piter Scheper hie buorkerije en wenne op Luchtenveld. Dy koe de minsken stil stean litte. Sy hienen 't net rjocht op Piter stean. Hy koe de minsken de koarts ek ôfnimme.
nl.verhalenbank.25884
Ik ha in frou kend, dy hie in berntsje, dat gûlde altyd. Rikele Myt kom dêr altyd oan om to freegjen hoe let as it wie. Myt wie in bikinde tsjoenster. Doe tochten dy lju: "Us bern kin wolris bitsjoend wêze." Doe joegen se har de rie nuddels en spjelden to sieden yn in panne, dan kom de tsjoenster wol op 'e lappen. En doe wie 't èk sa. Rikele Myt kom by de...
nl.verhalenbank.25870
Foekje wie in tsjoenster. Hja wenne yn Surhústerfean. Durk Pultrum kocht ris in keal fan har. Hy soe der mei fuort, doe sei se: "Ho, hy mat earst noch hwat drinken ha." Earst groeide it keal goed, mar al gau liet er it iten stean, en it keal stoar. Doe hat de slachter it keal slachte en doe siet der in dikke pylsnoek yn.
nl.verhalenbank.23979
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane yn 'e Boelensloane. Dy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Mar hy koe noch folle mear. Hy joech ek wol medesinen. En dat holp ek. Hy wie ek duvelbander. As der hwat bitsjoend wie, gongen se nei him ta. Syn wiif, Griet Snipel, koe kaert lizze. Hja koe sjen hwat jo wederfaren wie. Dêr roannen in protte...
nl.verhalenbank.24302
Us buorfrou, dat wie Ritske Aeltsje. Sy wenne op 'e Houtigehage. Dêr hie in berntsje bitsjoend west by harren. Doe gongen se nei 't boerke yn Eastemar. It boerke joech in drankje mei foar 't bern. Hy sei, de earste dy't foar de glêzen komme soe, wie de tsjoenster. Mar sy mocht it drankje net sjen. Doe't er thús kom hienen se de glêzen bihong en doe it...
nl.verhalenbank.25600
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle. Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
7