Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Reid Keuning koe ek samar in flesse drank komme litte mei bihelp fan skoppenboer.
nl.verhalenbank.25153
As men op in tsjoenster sjit, is 't krekt as sjit men op in leech petroaljefet. Men kin in tsjoenster allinne mar reitsje, as men rogge yn 't gewear hat.
nl.verhalenbank.20956
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.25769
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Ymke de Jong wie gûchelder. Hy koe ien stom meitsje. Se ha him ûnder tsjinst op in joun yn in kast opsluten mei de fuotten boeid.
De oare moarns woarde der appèl blaesd.
Ymke forskynde kreas en netsjes. Op it lêst ha se him fuortjage.
nl.verhalenbank.23669
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
Dy liet er oer de flier marsjeare.
nl.verhalenbank.29350
Willem Pyk koe ien fan warten forlosse. Ik ha in jonge kend, dy hie warten. Hy gong nei Willem Pyk. Dy preuvele hwat en struts mei syn hân oer de warten hinne. Doe wienen se samar fuort.
nl.verhalenbank.28502
Reid Keuning fan Koatstertille wie in fremd man. As der guon by him wienen to jounpraten, dan sei er: "Sjogge jimme dy lytse minsken wol út 'e hurddobbe weikommen?"
't Wienen soldaetsjes.
Mar ik koe 't net sjen, sei Rikele. Oaren seagen it wòl.
nl.verhalenbank.25152
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Ruerd en Saek wennen achter de Poel. Ruerd (= R.v.d. Veen = Mike Ruerd) hie jounpraters. Hy sei: "Nou matte jimme us sjen hwat ik kin." Doe liet er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dan sloech er mei in toverstaf. Dy soldaetsjes bigongen moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.19547
Ruerd van der Veen (= Mike Ruerd) liet samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dy stapten yn 'e keamer om, moai twa by twa.
nl.verhalenbank.29335
Tsjoensters hâlde geregeld forgaderingen. Dat dienen âlde Ot en Tet en Hindrik en sokken èk. Dan psalmsongen se meielkoar. Ot wie ek faek allinne oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.21392
Rin noait midden op 'e wei! (Lykstaesje)
Yt neat fan in tsjoenster op, oars kriget men in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.21143
Imke de Jong kroep op Drachtster merke troch in kachelspipe hinne. Mar ien fan Feansterheide seach, dat hy der by lâns krûpte. Hy joech Imke in slach foar de kont en sei: "Dû mast der ek ècht trochkrûpe, dû mast de minsken net bidonderje."
nl.verhalenbank.22098
It gebeurde ek wol ûnder tsjinst dat in soldaet yn 'e nacht wekker woarde en yn in oar syn bêd seach, dat dêr in koepânse yn lei en net in minske.
nl.verhalenbank.16934
Tsjoensters hellen altyd de bern by har. Hwa fan dy bern it swakste wie, dat woarde bitsjoend. Sy moesten de bern hwat jaen, oars koenen se har net yn har macht krije.
nl.verhalenbank.25722
Alde Heabel wie in tsjoenster. Dy joech ús wolris in muntsje, doe't wy noch bern wienen. Mar dat smieten wy altyd fuort. Hwant sy hienen ús thús leard, as wy dat opieten, krigen wy in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.28789
Willem Pyk (= Ophuis) hie de kweade hân. Dy makke de dieren siik. Sy woenen Willem Pyk net yn 't achterhûs ha.
As ik moaije piken hie, sei 'k: "Tink der om, Willem Pyk mat der net by."
nl.verhalenbank.28788
As in frou froeger to licht fan gewicht wie, dan seagen se har foar in tsjoenster oan. Dan wie se mei de boaze geast behept.
nl.verhalenbank.25723
Op 'e Tille wenne in man: Reid Keuning, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Heit en dy sieten dêr faek, en dy ha't wol us sjoen.
nl.verhalenbank.19353