Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: marcheren Place of Narration: Harkema
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er oer de flier marsjeare.
nl.verhalenbank.29350
Ruerd en Saek wennen achter de Poel. Ruerd (= R.v.d. Veen = Mike Ruerd) hie jounpraters. Hy sei: "Nou matte jimme us sjen hwat ik kin." Doe liet er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dan sloech er mei in toverstaf. Dy soldaetsjes bigongen moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.19547
Ruerd van der Veen (= Mike Ruerd) liet samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dy stapten yn 'e keamer om, moai twa by twa.
nl.verhalenbank.29335
Mike Ruerd wenne yn 'e Bosk. Dat wie net sa'n foarnamen-ien. Hy liet de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme en dan bigongen dy to marsjearen. Hy loadste se der ek wer yn.
nl.verhalenbank.25919
Guon kinne mei tolve kaerten de kopkes op 'e tafel dânsje litte. Ik ha 't wol ris sjoen. Sy dogge 't mei fjouwer hearen, fjouwer froulju en fjouwer boeren. Doe bigounen de kopkes moai by de tafelsrânne lâns to marsjearen.
nl.verhalenbank.28857
Op 'e Tille hat in man wenne, dat wie in sekere Reid Keuning. Der kommen jouns faek minsken by him to kaertspyljen. Wy wienen doe fan dy jonges. Reid liet dan samar soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigongen to marsjearen.
nl.verhalenbank.26271
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy marsjearden oer de flier. Hy liet ek wol ris in flesse drank komme. Hy stjûrde skoppenboer fuort. It earste romerfol drank smiet er oer 't linkerskouder hinne. Dat wie foar de duvel.
nl.verhalenbank.25797
Ruerd van der Veen, dat wie myn omke. Dy koe de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte en se oer 't hûs marsjeare litte. Op in kear kaem Ruerdom fan 't Bouwekleaster, dêr't er timmere hie. Hwant hy wie sa heal en heal timmerman. Dêr wienen doe allegear houtsjes. Der binne nou nòch guon trouwens. Dêr moest hy oer. Doe stie der by ien fan dy houtsjes...
nl.verhalenbank.17553
Ik haw in âld man kend. Dy fortelde my, hy wie ris by Reid Keuning west op Koatstertille, dat wie ien, dy wie oan 'e duvel forkocht. Doe't er dêr in skoft sitten hie, wie Reid bigoun to lêzen yn in boek en doe wienen de soldaetsjes ta de hurddobbe útkom en dy wienen bigong to marsjearen. Doe hied er itselde weromlêzen en doe wienen se wer moai yn 't gelid...
nl.verhalenbank.28508
Alde Hindrik Pyk (= H. Ophuis) koe soldaetsjes marsjeare litte. Hy liet se op kommando út 'e hurddobbe weikomme. Syn eigen soan hat it my forteld. Dy wie bang foar syn heit. Hy fortroude him net, omdat er tsjoene koe. "Ik pas altyd op," sei er, "dat ik it himd omkeard oan ha, hwant heit is ta alles yn steat."
nl.verhalenbank.22186
10