Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Imke de Jong krûpte op 'e merken samar troch in peal hinne.
Hepke Nút wenne ûnder Feansterheide. It wie in tsjoenster.
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
Alde Minse Griper wie har man. Dy koe mei bihelp fan skoppenboer in flesse drank komme litte.
Taeke, dy't by de Blaudobbe wenne stjûrde Skoppenboer fuort en krige in flesse drank werom.
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme.
By in tsjoenster mat men neat opite. Dat foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.23505
Imke de Jong kaem stéfêst op Drachtstermerke.
Op in kear hied er kaerten yn 'e hân. Yn 'e foarm fan in koker hied er se yn 'e fûst.
Doe sei er: "Skoppenboer, kom der út!" De kaert stoude wit hoe fier fuort út syn hân wei.
Sa kommandearde hy de iene kaert nei de oare. Allegearre gehoarsamen en fleagen ien foar ien in ein fuort.
Hjir yn Drachten wie us in faem, dy hat him útlake.
Doe hat er dy faem ûnder 't dânsjen bifalle litten.
It bern is har ûnder 'e rokken weifallen.
Greate Jel wenne oan 'e Houtigehaechster wyk. It wie in tsjoenster. Hja hobbele yn 'e nacht mei in oanret skelkje foar op 'e planken om. Guon ha har dêr wol sjoen.
Hy koe de froulju ek samar de klean ôfsakje litte. Dan stienen se neaken op 'e wei.
Lytse Kees wenne yn Drachtster Kompenije. Guon wienen wol us by him om 'e doarren. Dan seagen se dat er samar in leger soldaten ta de hurddobbe komme liet.
Even letter liet er se der wer ta'n yn gean.
nl.verhalenbank.25583
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
Guon tsjoensters kinne har yn dieren foroarje. As men op sa'n dier sjit, dan hat de tsjoenster de oare deis in blau eech.
Yn Smel-ie wenne Ate Jager, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte, seinen se. Dan bigongen dy soldaetsjes to marsjearen. Ate hie in soan, dy wie ien meter fiif great. Dat wie lytse Anne Jager Wolbikend.
In prûkenêst yn in bjirkebeam is fan in tsjoenster ôfkomstich. Doe't dy fleach bleau har biezum yn 'e takken sitten.
Der binne tsjoensters dy ha popkes, dy't se geregeld brûke. Dêr prippe se mei nuddels yn om. Dat foroarsaket dan pine.
Piter Scheper kom moarns ek wolris by ús, (Sytse de Boer), as wy sieten to kofjedrinken.
As wy dan de kofje nei de mûle ta bringe soenen, siet it kopke oan 't pantsje fêst. (Dit fortelde deselde faem)
nl.verhalenbank.25404
Wy mochten fan Rikele Myt noait in apel opite, hwant dy apels wienen bitsjoend. Dan krigen wy in pod of in kikkert yn 't liif.