Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
3 results
Dutch Keywords: wonen komen
Hy wie boerefeint en hie de gewoante altyd let thús to kommen. Op in kear wenne er by in boer, dy hie dêr in hekel oan. Dat dy die de doar op slot. Mar de oare moarns lei Jehannes wòl moai op bêd. Hy wie der samar ynkom; fêste slotten joech er neat om.
nl.verhalenbank.37963
Der wienen minsken, dy wennen in ein de lânnen yn oan 'e greate strjitwei. Op in moarn sei de frou: "Nou woe 'k wol dat Jehannes tsiisrinder kaem, hwant myn tsiis is op." De oare moarns, dêr wìe Jehannes. "Jo hienen forlet fan tsiis, net?" sei er. "Hoe kinne jo dat wite?" sei de frou. Mar dat sei Jehannes net. Hy lake allinne mar hwat.
nl.verhalenbank.38553
Mar Oene Krop wie ek in greate tsjoender. De minsken doarsten him net yn 'e hûs to litten en net by it fé. Hy makke se samar siik. Myn broer wenne yn Ljouwert. Hy hie in jonkje, dat wie altyd siik en gammel. It wie noait fleurich lyk as oare bern. It siet echt yn 'e pogge. It woe net boartsje en it wie mear dea as levend. Doe kom dêr ris in swager fan...
nl.verhalenbank.38152
3