Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: vastzetten Place of Narration: Harkema
Imke de Jong wie ris op 'e merke yn Droegeham. De plysje dêr, Tseard van Dekken, pleage him. Hy leaude net yn 'e kunsten fan Imke. Hy sei tsjin Imke: "Astû my fêst sette wolste, mast it mar prebearje, ik jow dy frij. Dû kinst it dochs net dwaen." En hy lake Imke út. Doe hat Imke him in hiel skoft stean litten. Hy koe net in kant út. Imke de Jong is op de...
nl.verhalenbank.27009
Imke de Jong hat de plysje Tseard van Dekken al us stean litten. Doe koed er net in stap mear gean.
nl.verhalenbank.19984
Imke de Jong reizge as gûchelder op 'e merken. Op Hamster Merke hat er Tseard van Dekken in skoft stean litten. Dy koe net in kant út. Net earder as doe't Imke sei: "Kom dêr nou mar wer wei."
nl.verhalenbank.28919
Tseard van Dekken wie us in kear op Hamstermerke. Doe stuts er ien hiel bot de gek oan. Dat wie Imke de Jong. Doe liet Imke de Jong him stean. Dat hat wol in healûre duorre. Al dy tiid koe Tseard net fan 't plak komme. Tseard wie doe plysje.
nl.verhalenbank.28590
Ymke de Jong wie ris op Hamstermerke. Dêr hat er de plysje Tseard van Dekken stean litten. Under tsjinst hat er dat ek ris dien mei in luitnant. Dy hie him útmakke. "Luitenant, sta stil", sei er. Doe hie dy luitenant net in foet mear forsette kind.
nl.verhalenbank.26251
Tseard v. Dekken, de plysje fan Droegeham, stuts him de gek oan. Doe hat Imke him stean litten. Hy koe net in stap forsette.
nl.verhalenbank.22197
Imke de Jong hie in toverstokje. Dêr koed er de minsken mei fêstsette. Hy hat op Hamstermerke Tseard van Dekken stean litten. Dy stuts him de gek oan. Doe't er net fuortkomme koe, sei Imke: "Wolst it nou leauwe?" Tseard wie sa wyt as in deaden. Doe sloech Imke wer mei syn toverstokje en Tseard koe wer fan 't plak komme. Sy ha Imke wol yn 't tichthûs...
nl.verhalenbank.20137
Op it Saeilân to Ljouwert, dêr't froeger de fémerk wie krige Tseard van Dekken al ris spul mei ien. Tseard hat it my sels forteld, ik ha by Tseard yn 't wurk west. "Hwat soestû, smoarge snotaep", hie Tseard sein. Doe hie dy oare sein: "Pas op, dan sil 'k dy stean litte." En doe't Tseard noch net om 't lyk woe, hied er Tseard en dy syn maet ek allebeide...
nl.verhalenbank.28852
Us mem helle us fyftich baelders op fan Teije Tammes Syts. Mar doe't se mei dy baelders fuort soe, liet Syts har stean. Se koe net in foet forsette. Wol in healûre lang hat se dêr sa stien. Doe kom Syts har keardel der oan. Dy sei tsjin mem: "Dû hast hjir lang genôch stien. Dû mast sjen datst thúskomste mei de branje." Doe koe mem earst noch net to bêst...
nl.verhalenbank.20032
Imke de Jong hat wol by ús yn skoalle west, yn de Ham. Wy wienen deabinaud foar him. Wy moesten allegear in sint meinimme, mar ik mocht net in sint ha, dat mocht ús net barre. Der wienen nòch trije bern, dy't net in sint hienen. Doe woarden wy mei ús fjouweren der útstjûrd. Mar doe gongen wy bûten foar 't glês stean. Imke hie de knop fan in stoel op 'e...
nl.verhalenbank.16947
10