Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
29 results
Dutch Keywords: tevoorschijn toveren
Heksenmeester kan heksen in een toverglas zien Ik heb altijd horen zeggen dat een heksenmeester de vrouwen die als heks ergens schuld van waren, in een soort toverglas te voorschijn kon toveren; dat ie zo kon weten wie de heksen waren en dat ie daardoor ook zo'n grote macht had.
nl.verhalenbank.35745
Yn Warten koe Sjoerd Ages soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er marsjeare. Hy brûkte in toverboek mei toverspreuken.
nl.verhalenbank.22995
Ik ha wolris by sa'n ien west, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Der wienen wol forskate dy't dat koenen. Mar as ik der by wie, koenen se it net. Ik sei dan: "Doch it ris." "Né," seinen se, "wy dogge it net."
nl.verhalenbank.24301
By 't Fryskepealsterfallaet dêr wenne in man, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Dy soldaetsjes bigounen moai to marsjearen. Letter hat myn omke yn dat hûs wenne.
nl.verhalenbank.20429
Klaes Tammes fan 'e Godloaze Singel liet eintsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.22159
Minse Griper - dat wie de man fan Tryn Snipel, - dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Dy soldaetsjes bigongen to dânsjen.
nl.verhalenbank.22211
Jehannes Heidbuurt fan Eastemar kaem op in kear by Reid Keuning yn Koatstertille. Doe liet Reid soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen to marsjearen. Doe waerd Jehannes bang. Hy doarst dy jouns net nei hûs ta en is dêr dy nachts bleaun.
nl.verhalenbank.30335
Bearn wegwerker (Bearn Reitsma) koe soldaetsje ta de hurddobbe útkomme litte en dy marsjearden dan oer de flier. Bearn wenne yn Eastemar.
nl.verhalenbank.19788
To Koatstertille wenne in man, dat wie Reid Keuning. Hy wie heal man en heal frou. Mar hy koe fan alles. Hy liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigongen dan moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.22694
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl koe samar soldaetsjes ta de hurddobbe [út] komme litte.
nl.verhalenbank.31883
'k Heb ook wel eens hoord dat der mensen zijn die soldaatsjes uit de hurddobbe laten komen.
nl.verhalenbank.31262
Hy hie in spul kaerten, dêr lei er in kop omkeard oer hinne. Even letter helle hy dy spylkaerten ien ta de jas út.
nl.verhalenbank.30965
Jan Bleeker út 'e Falom koe soldaetsjes en fûgels ta de hurddobbe út komme litte. Hy fluite se der út. De soldaetsjes bigounen dan to marsjearen.
nl.verhalenbank.30408
Reid Keuning fan Koatstertille liet de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme.
nl.verhalenbank.19932
Reid Keuning fan 'e Tille koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er dan op 'e tafel marsjeare. Hy koe ek in flesse drank komme litte mei in kaert. 't Wie spiritisme, duvelskunsten.
nl.verhalenbank.20367
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl sylde mei folle seilen samar yn 'e wyn op, wylst er gewoan foar yn 'e boat siet. Hy koe minsken stil stean litte en soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Op in kear siet er by myn wiif yn 't foarûnder. Dy wie doe noch net troud. Sil ik dy ris in ryksdaelder sjen litte mei de byltnis fan jimme heit der op? frege...
nl.verhalenbank.31907
Ruerd van der Veen, dat wie myn omke. Dy koe de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte en se oer 't hûs marsjeare litte. Op in kear kaem Ruerdom fan 't Bouwekleaster, dêr't er timmere hie. Hwant hy wie sa heal en heal timmerman. Dêr wienen doe allegear houtsjes. Der binne nou nòch guon trouwens. Dêr moest hy oer. Doe stie der by ien fan dy houtsjes...
nl.verhalenbank.17553
Doe't ús heit in lyts jonkje wie, gong er ris mei pake nei Ljouwert ta. Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl wie dêr ek by. Doe seinen se sa: Hoe let soe it sahwat wêze? Wy matte ek hast wer op hûs oan. Pake sei: As wy witte wolle hoe let it is, dan moatte wy sjen dat wy by de roomske tsjerke komme, dêr sit in klok yn 'e toer. Jehannes sei: Dat hoeft...
nl.verhalenbank.31149
Reid Keuning hie wol faek hwat to folle op. Hy wie fytsmakker en wenne yn Koatstertille. As er tofolle buorrels op hie nom er meastal minsken mei yn 'e hûs. Faek jongfolk. Dan sei er: "Kom op, duvel." Dan kommen der soldaetsjes út 'e hurddobbe tofoarskyn. Hy liet ek samar in flesfol drank komme.
nl.verhalenbank.20055
By Minse Griper lieten se wol us in flesse drank komme. Mar it wie altyd in toer om ien to finen dy't de flesse oankrije doarst. Deselde dy't dat die smiet it earste romerfol oer de kop fuort. En dan dronken se it op. De flesse sweefde foar de doar.
nl.verhalenbank.22169
29