Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: steken betoveren
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
De tsjoensters ha allerhande popkes. Dy stelle minsken foar, dy't se bitsjoene. Sy stekke mei spjelden yn dy popkes. Dan krijt de persoan, dy't it foarstelle moest, pine.
nl.verhalenbank.21543
Frânse Hinke hie popkes, dêr stuts se dan yn mei nuddels. Dan krige it bern pine dat se bitsjoende.
nl.verhalenbank.25612
Nolle Koaning (Nolle fan Bouke Syts) koe tsjoene. Bouke Syts sels wie ek in tsjoenster, Nolle hie 't net fan fremd. Hja hâldde der popkes op nei, dêr't se mei nuddels yn stuts. Nolle kaem by in buorman, dy hie bargen yn 't hok. Doe smiet er syn prûmke dêr yn 't hok. De oare moarns leinen de bargen allegear rjocht op 'e rêch. Se wienen deasiik. Doe gong dy...
nl.verhalenbank.29760
Ot har man dat wie Hindrik Pyk (= Hindrik Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster. En hy hie ek noch de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy hearde us in kear, dat hy soe nei de froulju ta. Mar dat died er net. Hy gong stikum nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom! Sa binaud hat er west. Hy...
nl.verhalenbank.21567
5