Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Dutch Keywords: soldaatjes Place of Narration: Harkema
Op 'e Tille wenne Reid Keuning. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy wie fytsmakker en wenne allinnich.
nl.verhalenbank.23524
Ruerd koe mear as in oar. Hy koe soldaetsjes op syn kommando ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.33643
Mike Ruerd liet wolris soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dat die er mei in toverboek.
nl.verhalenbank.25785
Ruerd v. d. Veen wie myn pake. Se seinen, hy hie in toverboek. Hy koe der soldaetsjes mei ta de hurddobbe útkomme litte, woarde der biweard.
nl.verhalenbank.19521
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er oer de flier marsjeare.
nl.verhalenbank.29350
Reid Keuning fan Koatstertille wie in fremd man. As der guon by him wienen to jounpraten, dan sei er: "Sjogge jimme dy lytse minsken wol út 'e hurddobbe weikommen?" 't Wienen soldaetsjes. Mar ik koe 't net sjen, sei Rikele. Oaren seagen it wòl.
nl.verhalenbank.25152
Ruerd en Saek wennen achter de Poel. Ruerd (= R.v.d. Veen = Mike Ruerd) hie jounpraters. Hy sei: "Nou matte jimme us sjen hwat ik kin." Doe liet er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dan sloech er mei in toverstaf. Dy soldaetsjes bigongen moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.19547
Ruerd van der Veen (= Mike Ruerd) liet samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dy stapten yn 'e keamer om, moai twa by twa.
nl.verhalenbank.29335
Op 'e Tille wenne in man: Reid Keuning, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Heit en dy sieten dêr faek, en dy ha't wol us sjoen.
nl.verhalenbank.19353
Mike Ruerd wenne yn 'e Bosk. Dat wie net sa'n foarnamen-ien. Hy liet de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme en dan bigongen dy to marsjearen. Hy loadste se der ek wer yn.
nl.verhalenbank.25919
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy marsjearden oer de flier. Hy liet ek wol ris in flesse drank komme. Hy stjûrde skoppenboer fuort. It earste romerfol drank smiet er oer 't linkerskouder hinne. Dat wie foar de duvel.
nl.verhalenbank.25797
Alde Foppe Ophús fan 'e Harkema koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy hie him oan 'e duvel forkocht en hie in wikseldaelder. Hy wie noait earm. Foppe Sint neamden se him. Hy koe lêze noch skriuwe. Edzer Sint dat wie famylje fan him. Dy hie ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.20660
Alde Hindrik Pyk (= H. Ophuis) koe soldaetsjes marsjeare litte. Hy liet se op kommando út 'e hurddobbe weikomme. Syn eigen soan hat it my forteld. Dy wie bang foar syn heit. Hy fortroude him net, omdat er tsjoene koe. "Ik pas altyd op," sei er, "dat ik it himd omkeard oan ha, hwant heit is ta alles yn steat."
nl.verhalenbank.22186
13