Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 results
Dutch Keywords: soldaat Place of Narration: Harkema
Op 'e Tille wenne Reid Keuning. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy wie fytsmakker en wenne allinnich.
nl.verhalenbank.23524
Ruerd koe mear as in oar. Hy koe soldaetsjes op syn kommando ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.33643
Mike Ruerd liet wolris soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dat die er mei in toverboek.
nl.verhalenbank.25785
Ruerd v. d. Veen wie myn pake. Se seinen, hy hie in toverboek. Hy koe der soldaetsjes mei ta de hurddobbe útkomme litte, woarde der biweard.
nl.verhalenbank.19521
Ymke de Jong wie gûchelder. Hy koe ien stom meitsje. Se ha him ûnder tsjinst op in joun yn in kast opsluten mei de fuotten boeid. De oare moarns woarde der appèl blaesd. Ymke forskynde kreas en netsjes. Op it lêst ha se him fuortjage.
nl.verhalenbank.23669
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er oer de flier marsjeare.
nl.verhalenbank.29350
Ruerd en Saek wennen achter de Poel. Ruerd (= R.v.d. Veen = Mike Ruerd) hie jounpraters. Hy sei: "Nou matte jimme us sjen hwat ik kin." Doe liet er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dan sloech er mei in toverstaf. Dy soldaetsjes bigongen moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.19547
Ruerd van der Veen (= Mike Ruerd) liet samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dy stapten yn 'e keamer om, moai twa by twa.
nl.verhalenbank.29335
It gebeurde ek wol ûnder tsjinst dat in soldaet yn 'e nacht wekker woarde en yn in oar syn bêd seach, dat dêr in koepânse yn lei en net in minske.
nl.verhalenbank.16934
Op 'e Tille wenne in man: Reid Keuning, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Heit en dy sieten dêr faek, en dy ha't wol us sjoen.
nl.verhalenbank.19353
Mike Ruerd wenne yn 'e Bosk. Dat wie net sa'n foarnamen-ien. Hy liet de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme en dan bigongen dy to marsjearen. Hy loadste se der ek wer yn.
nl.verhalenbank.25919
Guon koenen mei bihelp fan in toverboek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Se moesten itselde like fluch wer achterút lêze, dan gongen dy soldaetsjes der wer ta'n yn.
nl.verhalenbank.27012
Op 'e Tille hat in man wenne, dat wie in sekere Reid Keuning. Der kommen jouns faek minsken by him to kaertspyljen. Wy wienen doe fan dy jonges. Reid liet dan samar soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigongen to marsjearen.
nl.verhalenbank.26271
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy marsjearden oer de flier. Hy liet ek wol ris in flesse drank komme. Hy stjûrde skoppenboer fuort. It earste romerfol drank smiet er oer 't linkerskouder hinne. Dat wie foar de duvel.
nl.verhalenbank.25797
Alde Foppe Ophús fan 'e Harkema koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy hie him oan 'e duvel forkocht en hie in wikseldaelder. Hy wie noait earm. Foppe Sint neamden se him. Hy koe lêze noch skriuwe. Edzer Sint dat wie famylje fan him. Dy hie ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.20660
Skoanmem hat yn har fammejierrren tsjinne by in sekere famylje Beitschat yn Kollum. Op in kear sieten se to kofjedrinken. Doe hie Beitschat tsjin har sein: "Helje myn gongelstok even op." Hja hie him dy stok brocht en doe hied er dy tusken de knibbels set mei de puntige ein nei ûnderen. Doe wied er oerein kom en de stok wie stean bleaun, nei't er sein...
nl.verhalenbank.26253
Ik haw in âld man kend. Dy fortelde my, hy wie ris by Reid Keuning west op Koatstertille, dat wie ien, dy wie oan 'e duvel forkocht. Doe't er dêr in skoft sitten hie, wie Reid bigoun to lêzen yn in boek en doe wienen de soldaetsjes ta de hurddobbe útkom en dy wienen bigong to marsjearen. Doe hied er itselde weromlêzen en doe wienen se wer moai yn 't gelid...
nl.verhalenbank.28508
Ien fan 'e jonges fan ús buorlju krige in jas fan in Kanadees, doe't dy hjir nei de oarloch kommen. Hy gong dêrmei nei Ale ta (de dochter fan Ot) omdat dy hwat naeije koe. Dy soe der him in passend jaske út meitsje. Doe moest dy jonge dêr ek hinne to passen. Mar hy woarde rare kjel. Hwant it thékopke bigong samar fansels op 'e tafel om to dânsjen. En Ael...
nl.verhalenbank.21459
18