Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
35 results
Dutch Keywords: heks Place of Narration: Harkema
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.29347
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen. Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod. As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
Alle Tet fan 'e Harkema wie de tsjoenster. Dat wie algemien bikend. Hja wie soms blau en plakkerich om 'e holle. Dan hie se wer opdonders hawn fan 'e kweade, sei 't folk.
nl.verhalenbank.23440
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.25769
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Tsjoensters hellen altyd de bern by har. Hwa fan dy bern it swakste wie, dat woarde bitsjoend. Sy moesten de bern hwat jaen, oars koenen se har net yn har macht krije.
nl.verhalenbank.25722
Alde Heabel wie in tsjoenster. Dy joech ús wolris in muntsje, doe't wy noch bern wienen. Mar dat smieten wy altyd fuort. Hwant sy hienen ús thús leard, as wy dat opieten, krigen wy in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.28789
As in frou froeger to licht fan gewicht wie, dan seagen se har foar in tsjoenster oan. Dan wie se mei de boaze geast behept.
nl.verhalenbank.25723
Tsjoensters gean der yn 'e nacht op út. Alde Fogel die dat ek. Sy seinen, dan liet se de pânse op bêd achter.
nl.verhalenbank.23909
Hjir yn 'e Harkema wenne in feint, dy kom op in nacht fan 'e froulju werom. It wie sahwat 2 ûre en ljocht waer. Doe't er de doar achter him ticht die, seach er in lyts famke. Hy tocht dat it syn susterke Tryn wie. "Soest my ophelje, Tryn?" frege er. Mar sy sei neat. Sy gong deselde kant út dy't hy út moest, mar sy bleau in eintsje foar him op rinnen. Doe...
nl.verhalenbank.15531
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
nl.verhalenbank.25753
Op 'e Skieppedrifte wienen 't by âlds allegear tsjoensters. Rikele Tsjerks (famylje fan Sterke Hearke) hie nachts in gripe by 't bêd stean. Op in kear wienen 't allegear swarte kaën by him yn 'e hûs. Doe doarst hy der net yn om 't iten fan 't fjûr to heljen. Dat liet er forbrânne.
nl.verhalenbank.23445
Hindrik Ophús syn suster Ot - de mem fan âlde Ale - wie ek in tsjoenster. Mem en Jannemuoi wienen us in kear nei beppe ta. De bern wienen mei en dy wienen wylst oan 't toarnbeisykjen. Doe kom der in dikke kat oan, dy woarde wei ûnder 'e boskjes. Doe stie der ynienen in frommes foar de bern. 't Wie Ot. "Berntsjes," sei se, "binne jim oan 't...
nl.verhalenbank.23531
Abe Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Klontsjebuorren. Syn mem rekke us bitsjoend. Hja hienen noait oan tsjoenen leauwe wold, mar doe rekke ien fan 'e manlju nei Wopke fan Kûkherne. Wopke joech guod en sei: "Ast aenst thúskomst, dan silst in âld wiif tichte by jim hûs tsjinkomme. Dy is oan 't priksykjen. Dy hat it dien." Wrachtsjes, hwa wie by 't hûs oan 't...
nl.verhalenbank.23442
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop. Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
Der wie us in winkelfrou yn 'e Harkema, dy liende moal en oalje oan in oare frou, dy't by har yn 'e winkel kom en pankoekbakke woe. Doe't se drok oan 't bakken wie, kom der in kat by har oan. Dy kat sei: "Pankoekbakke en 't moal to boarch, kin dat bistean?" De frou sei: "Ja, wol poes ek ien ha?" En hja smiet de kat in gleone pankoek om 'e kop. De kat...
nl.verhalenbank.21239
Alle Tet koe har yn in kat foroarje en dan raesde se hiel bot. Mei oare katten hâldde se in forgadering, der wienen soms wol tsien katten by Tet. Dan bigongen se meiïnoar to sjongen. It gebeurde wolris dat se in kat sloegen, dan siet Tet de oare deis ûnder 'e blauwe plakken.
nl.verhalenbank.29338
Der wenne ek in tsjoenster yn 'e Harkema dy gong der yn 'e nacht altyd op út. Dan bleau de man op bêd lizzen. As er dan om him hinne taestte, dan lei der in koepânse op bêd. As hy der mei in nuddel yn stutsen hie, hie hja dea west.
nl.verhalenbank.29348
35