Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: genezen Place of Narration: Harkema
Willem Pyk koe ien fan warten forlosse. Ik ha in jonge kend, dy hie warten. Hy gong nei Willem Pyk. Dy preuvele hwat en struts mei syn hân oer de warten hinne. Doe wienen se samar fuort.
nl.verhalenbank.28502
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
Alde Hindrik Ophús (Pyl) koe tsjoene. Myn susterke wie noch in poppe en slim siik. Hindrik kom by ús en sei tsjin mem: "Hoe giet it mei 't popke, Truike?" "Dat sil 'k dy, âlde duvel, sizze", sei mem. Hja raemde de tange en sloech him dêrmei, oer de bealch. De oare moarns sette heit nei greate Wopke ta. Mar om trije ûre de moarns al stie Hindrik Pyl by...
nl.verhalenbank.21242
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms. Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
As ien lêst hie fan warten, dan struts Ruerd der mei syn hân oerhinne. Dan sei er in pear wurden, dy't in oar net forstean koe en in pear dagen letter wienen alle warten fuort. Hy koe ek soldaetsjes út 'e hurddobbe komme litte. Op in kear wied er by minsken to jounpraten. De frou wie oan 't naeijen mei in lange, swarte tried. Hy nom dy tried en makke der...
nl.verhalenbank.16908
Myn âldste suster Janke lei noch yn 'e widze. Hja is nou al stoarn. Mar doe yn dy tiid kom der altyd in bolkoerrinster by heit en dy oan 'e doar. En dan sei se: "Mei 'k even 't popke sjen?" Dat sei se dan troch de doar. It bern wie lang net goed, it woarde rûch fan megerens. Heit sei tsjin mem: "Nou mast dy âlde duvel hjir net wer yn 'e hûs komme litte."...
nl.verhalenbank.33001
By de Lytse Wei ûnder Droegeham wenne Wytse Bosma. Hy hie in dochterke, dat tsjirme. It wie de âldste. De lju seinen, it wie bitsjoend, mar Wytse lake dêr om. Mar it bern woarde minder en dêrom sei er op in kear tsjin heit: "Wolstû foar my nei Frânse Hinke foar it bern? It komt sa, leau 'k, net goed. Dû kinst in goune fortsjinje." Frânse Hinke wenne yn 'e...
nl.verhalenbank.23441
Der wienen minsken yn 'e Harkema, dy hienen in bern, dat wie siik. Ut tsjerke wei kom buorman om to harkjen hoe't it mei it bern wie. De frou sei tsjin 'e buorman: "De jonge wurdt neat better. Wy ha al guod fan dokter, mar dat jowt suver neat." De man sei: "Ik mat moarn mar nei de duvelbanner ta yn Kûkherne. Dan mat ik mar in heale dei thúsbliuwe." De...
nl.verhalenbank.16887
8