Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: geld deur
Stammerige Harm hat my wol jild to lien oanbean. Mar ik woe syn jild net ha. Hy hong jouns in lege ponge oan 'e doar, de nachts die de duvel der jild yn.
nl.verhalenbank.22693
Tsjoensters hienen in wikseldaelder. By âlde Piters Willemke (Wybenga) hinge jouns in lege ponge oan 'e doar, dy siet dan de oare moarns fol jild. Hja wie in tsjoenster. By Stammerige Harm hong ek sa'n ponge. Willemke wie de beppe fan Geertsma. Geertsma syn mem wie ek in tsjoenster. Doe't dy stoarn wie, doarst net ien har biklaeije.
nl.verhalenbank.20907
Der wie in frou, dy siet by Jehannes yn 'e skuld. Hja wenne op Burgumerheide. Dêr moest er sinten fan ha. Hy kom by har by de doar en frege om syn jild. "Ik ha gjin sinten", sei 't minske. "Nou," sei Jehannes, "bitelje my dan stadichoan hwat ôf." "Ik ha gjin jild", sei se. "Jow my dan dy goune mar, dy't jo yn 'e bûse ha", sei Jehannes. It minske woarde sa...
nl.verhalenbank.38223
Stammerige Harm, seinen se, hie in wikseldaelder. In wikseldaelder, as men dy útjowt, dy komt altyd wer yn 'e knip tolânne. Myn swager sei, Stammerige Harm koe mear as sljochtwei. Hy koe tsjoene. Jouns hong er de lege pong bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns wied er fol jild. Soks dienen de frijmitselders ek. Mar dat koenen se mar trije kear...
nl.verhalenbank.27438
4