Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: gedaanteverandering veranderen
Ik ha wolris sizzen heard dat der minsken binne, dy't har yn in houn foroarje kinne.
nl.verhalenbank.25270
Harm Fodde (= Spoeke Harm = Stammerige Harm) dy koe him foroarje yn in kat. Hy koe tsjoene. Harm hie jild ûnder yn 'e sek. Hy hie ek in wikseldaelder. Hy hie noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22856
Stammerige Harm wenne oan 't Wyldpaed by de Swâdde. Hy gong foar in tsjoenster troch. Hy koe him yn in kat foroarje, seinen se. Soune dieren makke er siik. Hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.22683
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje. Soms joegen se in kat wol us in opdonder, dan koenen se de oare deis gewaer wurde hwa't de tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.25981
Lytse Gosse wie in pakesizzer fan Jan Jilderda. Dy koe ek tsjoene. Hy koe him foroarje yn in giele kat. Sels hied er read hier. Se neamden him 'de giele kater'.
nl.verhalenbank.19897
Piters Willemke koe tsjoene. Hja fleach op 'e biezemstok troch de loft. Alde Oene Kempenaar wie ek in tsjoenster. As hy der op út soe, rolle hy himsels earst yn elkoar, dan wie 't in koepânse. En hy rolle syn wiif yn in kattefel.
nl.verhalenbank.29569
Hjir wenne in man by de Keale Wei, dat wie âlde Koenes. Hjir wenne ek in boer by de Keale Wei, dy hiet fan Jehannes Graansma. Dy hie in stik klaver. Mar dy klaver ûntstielen se him. Dy klaver waerd troch oaren meand en dêr wei helle. Doe setten se der ien forburgen by om op to passen hwa't de dief wie. Doe kom der in hazze oan. Dy helle dêr de klaver wei....
nl.verhalenbank.21817
Sikke Procé roan op in joun nei tolven oer de wei to Feanwâldsterwâl. Doe wie er sahwat oan it hûs fan Jehannes Meerstra ta, doe kaem der in swarte kat by him, dy roan him foar de fuotten. Sikke skopte de kat tsjin 'e poat oan, de poat wie stikken. De oare moarns hie Jehannes Meerstra de pols brutsen. "Dy ha 'k fannacht brutsen", sei er. Jehannes hie him...
nl.verhalenbank.31014
Alde Sjoerde Ael wie in suster fan Stammerige Harm. Dy koe har yn in kat foroarje. It is hjir ris gebeurd dat ien in kat op in joun in goeije opdonder joech. Doe wie der de oare deis in âld-wiif kreupel.
nl.verhalenbank.29821
Yn Broek wenne âlde Lammert Plantinga. Dy koe tsjoene. Tabe van der Zwaag hie in pear beesten yn 't hok. Mar moarns sieten dy kij faek los. Op in moarn kom Lou, de soan fan Lammert thús. Doe soed er even nei 't fé sjen. Der wie wer ien los. Doe't Lou de hoksdoar iepen die, kom der mei alle barstengeweld in kat oanstouwen. Lou skopte him foar de kop. De...
nl.verhalenbank.19903
10