Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: gedaanteverandering heks
Tsjoensters foroaren har yn katten. Faek hat men bisocht sa'n kat dea to sjitten, mar dy wie noait to reitsjen.
nl.verhalenbank.37707
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje. Soms joegen se in kat wol us in opdonder, dan koenen se de oare deis gewaer wurde hwa't de tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.25981
Piters Willemke koe tsjoene. Hja fleach op 'e biezemstok troch de loft. Alde Oene Kempenaar wie ek in tsjoenster. As hy der op út soe, rolle hy himsels earst yn elkoar, dan wie 't in koepânse. En hy rolle syn wiif yn in kattefel.
nl.verhalenbank.29569
Alde Sjoerde Ael wie in suster fan Stammerige Harm. Dy koe har yn in kat foroarje. It is hjir ris gebeurd dat ien in kat op in joun in goeije opdonder joech. Doe wie der de oare deis in âld-wiif kreupel.
nl.verhalenbank.29821
Waatsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Dat doe gongen se nei Wopke ta. It wiif wie bitsjoend, sei Wopke. Mar sy woarden net gewaer hwa't de tsjoenster wie. Dat woed er net sizze. Op in kear hie se in apel krigen fan âlde Tryn. Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op. In pear dagen letter sei...
nl.verhalenbank.12233
Der wie in jonge boer, dy wenne oan 'e Achterwei yn Sumar, op 'e plaets, dêr't nou Bonne Algra wennet. Syn mem en syn suster wennen yn it hûske dêrnjonken. De boer hie in famke, dat wie altyd siik. Mar de dokters koenen it bern net geneze. It bern tsjirme. De boer hâldde in bulte fan jeijen. Hy siet wol gau us achter in grouwe hazze oan, mar dy koed er...
nl.verhalenbank.12228
Greate Sjoerd Koedriuwer wenne oan 'e Achterwei yn Sumar. Hja hienen in fanke fan fiif jier. Dat wie Sibbeltsje. Dat fanke, dêr siet gjin skroed yn, it bern tsjirme. Sjoerd kom by ús heit. Hy sei: "Wytstû ek ried?" Heit sei: "Dû mast nei Wopke de duvelbander ta gean." Doe die Sjoerd dat. Wopke sei: "It bern is bitsjoend. Der is in âld minske, dat wennet...
nl.verhalenbank.12227
7