Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: deur kat
Alde Sytse Hil fan Sumarreheide hie altiten in rest katten om 'e doar. It gong dêr altyd op in razen en oangean. Dy katten, dat wienen har kammeraetskes.
nl.verhalenbank.23119
By Ate Meter dêr wie altyd in grouwe, swarte kat om 'e doar hinne. Ate hie 't net op dy kat stean. Hy hie al in pear kear prebearre der in raem op to dwaen, mar hy koe him noait ûnder 'e hân krije. Op 't lêst hied er goed oppast. Doe't de kat der wer oankom hied er in dikke kneppel yn 'e hân, doe die er de doar fluch iepen en sloech ta. Hy rekke de kat....
nl.verhalenbank.25988
Ergens yn in hûs yn Ten Post (Gr.) sieten in hiel soad katten. Dy sieten mei elkoar om in greate panne mei brij hinne. Mar sy kommen der net oan, hwant ien fan 'e katten hie sein: "Net earder ite of earst mat de dikke duif komme." It wienen allegearre tsjoensters, dy katten. Der stienen minsken om 't hoekje fan 'e doar, en dy hearden dat dy kat dat sei....
nl.verhalenbank.18096
Imke de Jong wie in gûchelder. Hy reizge by de merken lâns en hat yn Ljouwert wenne. Hy wie troud mei in sekere Janke. Hy koe de minsken samar stean litte en liet se molke slobberje út in pantsje, krekt as wienen it katten. Hy koe de minsken kraeije litte as in hoanne. Alles hwat er sei, dat dienen se. Hy koe de froulju de rokken samar ôfsakje litte. Yn...
nl.verhalenbank.38534
Flak by de skieding fan Twizelerheide, mar noch ûnder 'e Westerein, dêr wenne in feint, dy frijgeselle dêr by minsken. Hy wie der jouns in bulte op út en kom dan wol us let thús. Op in kear, doe wied er ek wer let thús kom en hy gong by de tafel sitten. Se hienen dêr in liemen lier. Doe't er in skoftsje sitten hie, doe kom de frou, dêr't er by yn 'e kost...
nl.verhalenbank.20566
Yn froeger tiid is 't gebeurd, dat der ergens yn 'e Grinzer Pein by minsken hyltyd in fremde kat by de doar siet. Ik wie doe noch mar in jonge. As dy kat der wie, gebeurde der altyd hwat. Der stoar in kou of ien fan 'e bern waerd siik of sokssahwat. Dat die dy kat, dat wie in tsjoenster. It wie de mem fan Sierd Polderdyk dy't it die. As de frou de kat by...
nl.verhalenbank.24183
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Feansterheide wenne in tsjoenster. Der wienen minsken dy hienen in poppe, dy gûlde de hiele nacht. De mem sei: "Dat docht dat âlde wiif." Doe sei de heit fan it bern: "Ik sil der achteroan." Doe gong er nei de wente fan 't âld-wiif. 't Wie yn 'e nacht. Sy siet yn 'e doar op 'e drompel. Hja hie twa katten by...
nl.verhalenbank.23500
Ik wie al tiden siik. Ik iet net en ik woarde by de dei megerder. Dokter koe my net helpe. Ik gong sjenderegen achterút. Doe sei dokter op in kear: "Jo matte der us út." Mar ik hie nergens sin oan. Ik bleau thús. Moar op in peaskemendei wie Piter (myn man) thús fan 't wurk. Doe sei Piter: "Nou mastû der us út. Ik hûswarje wol. Fyts dû mar us nei Eastemar...
nl.verhalenbank.20704
8