Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: betoveren appel
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen. Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod. As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
As in tsjoenster in bern in apel of sa joech en it bern iet dy op, dan krige it in pod of in slak yn 't liif.
nl.verhalenbank.32969
Hindrikje de tsjoenster wenne op 'e Tike ûnder Nyegea. It forhael gong dat se wol us bern bitsjoende. Wy gongen as bern yn in bôge om har hinne, as se foar 't ljocht kom. Der wie ús goed yndruid dat wy net in apel of sa fan har oannimme mochten.
nl.verhalenbank.21181
As men in apel fan in tsjoenster kriget foroaret dy yn in pod. Men mat altyd in stikje apel weismite. Dan wurdt dy pod noait folwoechsen.
nl.verhalenbank.25613
Wy mochten fan Rikele Myt noait in apel opite, hwant dy apels wienen bitsjoend. Dan krigen wy in pod of in kikkert yn 't liif.
nl.verhalenbank.26041
Us mem fortelde, hja hie us in apel krige fan Alle Tet. Mem biet der yn. Doe sei Hindriks Janke (dy't mei de helm geboaren wie) tsjin har: "Saek, Saek, dat mast noait wèr dwaen. Hiest ek wol yn in pod bite kind!" Dan hie mem forgiftige west en yn 'e macht fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.28160
In bern rekke faek bitsjoend as in tsjoenster sa'n bern hwat joech, in apel of sa. Dan kommen der krânsen yn 'e kessens en woarde it bern siik. Dan gongen de âlden nei Wopke ta. Wopke joech har in flesse drank mei foar it bern. En dan sei er: "Pas op, as der guon by jimmes yn 'e hûs komme. Dy flesse meije se net sjen." De krânsen yn 't kessen moesten...
nl.verhalenbank.21471
Waatsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Dat doe gongen se nei Wopke ta. It wiif wie bitsjoend, sei Wopke. Mar sy woarden net gewaer hwa't de tsjoenster wie. Dat woed er net sizze. Op in kear hie se in apel krigen fan âlde Tryn. Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op. In pear dagen letter sei...
nl.verhalenbank.12233
Dyselde omke wie in bern fan acht jier, doe rekke er bitsjoend. Alde Klare wie in heks, dy die dat. Omke syn mem hiet fan Wike. De âlde heks kom faek by harren. Dan sei se: "Och Wike, doe de planke even over. Ik wil even de kleine jongen zien." Hwant omke en dy hienen in draei oer de feart. Klare wenne yn 'e buert. Hja kom der dan yn en krige kofje. Faek...
nl.verhalenbank.19619
9