Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
26 results
Dutch Keywords: betoverd Place of Narration: Harkema
It gebeurde froeger us dat Wytse de Wind bitsjoend rekke. Doe moest er in pod yn 't skelkje ha en dy by him drage, krekt salang oant dy fordroege wie. Alle Tet hie him bitsjoend.
nl.verhalenbank.21132
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen. Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod. As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
By ús Bintsjemoai wie ien fan 'e bern bitsjoend. De tsjoenster wie in rot. Dy kom oer de souder, dan liet er him troch in gat falle en kom sa by it bern op bêd.
nl.verhalenbank.19359
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!" Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn. Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan." Tagelyk spuide se har hast it...
nl.verhalenbank.21457
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út. Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247
Abe Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Klontsjebuorren. Syn mem rekke us bitsjoend. Hja hienen noait oan tsjoenen leauwe wold, mar doe rekke ien fan 'e manlju nei Wopke fan Kûkherne. Wopke joech guod en sei: "Ast aenst thúskomst, dan silst in âld wiif tichte by jim hûs tsjinkomme. Dy is oan 't priksykjen. Dy hat it dien." Wrachtsjes, hwa wie by 't hûs oan 't...
nl.verhalenbank.23442
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Mem har muoike Lys dy hie in dochter, dy wie bitsjoend. Sy gongen nei in duvelbander ta en krigen guod. Der kaem altyd in kat by muoike en dy. Sy makken it hinnegat en alles goed ticht, mar it joech neat, dy kat kaem der altyd yn. Dy kat, dat wie de tsjoenster, sei de duvelbander. Doe't it fanke fan it guod fan 'e duvelbander ynnaem, bigong se to koarjen....
nl.verhalenbank.19348
Ael Westra hat in dochter, dy is troud mei Fokke Witteveen. (hy is noch út 'e famylje fan Sterke Hearke) Fokke syn wiif kom us by ús doe't ús bern siik wie. Hja nom it op 'e skoat en lake en skattere hyltyd mar. Doe kom ús kat der yn. Doe krige se dy en aeide op 't beest om. Hyltyd mar troch. De oare deis wie ús kat dea. Dy hie se deatsjoend. (de kweade hân)
nl.verhalenbank.21462
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat wie bitsjoend. Doe gong de heit nei de duvelbander ta. Hy krige fan de duvelbander in flesse drank mei. Doe't er ûnderweis wie nei hûs ta kom de soan fan 'e tsjoenster him tsjin. "Hastû fuort west?" frege dy. "Ja", sei er. "Hast in drank by dy?" "Ja", sei er. "Lit my dan us sjen." "Né, dy krijst net to sjen." En...
nl.verhalenbank.17703
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms. Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
Doe't skoanheit syn suster noch in famke wie, siet dy bot yn 't lijen. Hja gûlde altyd. Doe wienen der guon, dy seinen: Dat bern kin wolris bitsjoend wêze. Mar dêr woe beppe neat fan leauwe. Der kom faek in naeister by harren, dy't deis foar har naeide. Op in kear, doe't it bern wer bot raesde makken se de jouns it kessen iepen, dêr't it bern de holle op...
nl.verhalenbank.32951
Alde Tet hâldde der popkes op nei. As se dêr yn pripke mei in nuddel wienen der guon dy't pine krigen. Abe Nauta syn frou is troch Alle Tet deatsjoend. Sy hellen dranken foar har fan Greate Wopke fan Kûkherne. As Tet dy drank seach gong er stikken. Wopke sei elke kear: "Bergje dy drank goed op." As se mei de drank thús kommen siet der al in greate kat op...
nl.verhalenbank.29346
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom." Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf." Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke. Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
Myn âldste suster Janke lei noch yn 'e widze. Hja is nou al stoarn. Mar doe yn dy tiid kom der altyd in bolkoerrinster by heit en dy oan 'e doar. En dan sei se: "Mei 'k even 't popke sjen?" Dat sei se dan troch de doar. It bern wie lang net goed, it woarde rûch fan megerens. Heit sei tsjin mem: "Nou mast dy âlde duvel hjir net wer yn 'e hûs komme litte."...
nl.verhalenbank.33001
Ik hie in jonkje, in lytse Gerrit, dy wie troch Alle Tet bitsjoend. It bern wie doe fiif jier âld. Wy wennen yn dy tiid op 'e Bulten, by Tet yn 'e buert. Elke dei kom se by ús. Dan nom se it bern út it bedtsje en dan sei se: "Hwat bistû in leaf jonkje." Sy sloech net in dei oer of sy kom. Dan roan se der samar yn. Sa dryst wie se, en dan it bern mar op 'e...
nl.verhalenbank.23429
Ien fan 'e jonges fan ús buorlju krige in jas fan in Kanadees, doe't dy hjir nei de oarloch kommen. Hy gong dêrmei nei Ale ta (de dochter fan Ot) omdat dy hwat naeije koe. Dy soe der him in passend jaske út meitsje. Doe moest dy jonge dêr ek hinne to passen. Mar hy woarde rare kjel. Hwant it thékopke bigong samar fansels op 'e tafel om to dânsjen. En Ael...
nl.verhalenbank.21459
26