Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: appel Place of Narration: Harkema
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen. Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod. As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Ymke de Jong wie gûchelder. Hy koe ien stom meitsje. Se ha him ûnder tsjinst op in joun yn in kast opsluten mei de fuotten boeid. De oare moarns woarde der appèl blaesd. Ymke forskynde kreas en netsjes. Op it lêst ha se him fuortjage.
nl.verhalenbank.23669
Op in kear kom Alle Tet by Albert Land. Tet wie in tsjoenster. Sy hie twa apels meinom foar de beide famkes fan Albert Land. Mar Albert sei: "Net opite, hear!" Hy lei de beide apels yn in kuorke en hong dat op oan 'e souder. In dei of hwat letter seach hy der nei en doe sieten der twa grouwe podden yn.
nl.verhalenbank.19347
4