Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Place of Narration: Surhuizum
Hinse joech ek rie as de tsjerne bitsjoend wie en 't woe net bûterje. Hinse wist dan wol in middel. Hy koe ek minsken fordwale litte. Dat hat er wolris mei jongfolk dien.
nl.verhalenbank.32248
Ite jy hwat fan in tsjoenster op, dan foroaret dat yn in pod.
nl.verhalenbank.23599
Frânse Hinke wie de duvelbanster fan Rottefalle. As der in bern bitsjoend wie, fortelde sy altyd hwa't de tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.26092
Hjir wenne in man by de Keale Wei, dat wie âlde Koenes. Hjir wenne ek in boer by de Keale Wei, dy hiet fan Jehannes Graansma. Dy hie in stik klaver. Mar dy klaver ûntstielen se him. Dy klaver waerd troch oaren meand en dêr wei helle. Doe setten se der ien forburgen by om op to passen hwa't de dief wie. Doe kom der in hazze oan. Dy helle dêr de klaver wei....
nl.verhalenbank.21817
Jehannes Veenstra (broer fan dikke Harm) moest us in kear nei 't Swartfean ta, nei Hinse Jehannes de Boer. Dat wie fanwege sukkelderije. Hy moest guod fan Hinse ophelje. Hy gong skean oer de Harkema en oer de Gauke Mulderslannen fan 't Wytfean en sa kom er op 't Swartfean. Hy krige it guod fan Hinse en gong werom. Mar hy wie warch woarn fan 't rinnen,...
nl.verhalenbank.23598
Der wie in man - Imke de Jong? - dy trof in jonge. "Wolst in goune ha?" sei er tsjin dy jonge. "Jawol", sei dy jonge. "Mast him goed yn 'e fûst biwarje en de hân yn 'e bûse dwaen", sei dy man. Hja roannen togearre fierder. "Mem, ik ha in goune krige", sei de jonge. Hy die de fûst út 'e bûse wei en soe de goune sjen litte yn 'e hân. Mar doe siet er neat...
nl.verhalenbank.28916
Yn 'e Houtigehage wie al us in kear in bern net goed. 't Wie by ús buorlju. De heit gong mei 't mûtske fan 't bern nei Frânse Hinke ta, de duvelbanster fan 'e Rottefalle. Dy sei: "'t Bern is bitsjoend. Der sit in krâns yn 't kessen. Deselde dy't joun it earst by jim oer de flier komt, dat is de tsjoenster." Doe wie dat it buorwyfke Janne Luts. Dy ha se...
nl.verhalenbank.21116
Heit fortelde, froeger wie der wol us in man by heit en dy to timmerjen west, dat wie Sippe de Jong. Dy kom fan de Falom. Dy koe gâns forhalen oer spoekjen en tsjoenen, en hy leaude alles hwat er sei. Hy sei, der wenne yn 'e Falom in man, dy hie gjin bisten en hy forkocht àl bûter en molke. Op in nacht ha se him fleanen sjoen. Hy hie in jok oer de...
nl.verhalenbank.21816
Grouwe katten binne tsjoensters. Dikke Harm hie in jonkje. Dat jonkje rekke siik en bigong to sukkeljen. It woe net bikomme. Doe moest Harm nei Kûkherne ta. Harm woe net, mar 't wiif die gjin lichten. Dat op 't lêst liet Harm him biprate. Doe't er in eintsje op stap wie, kom 't wiif him achternei rinnen mei 't mûtske fan 't bern. Dat hie Harm noch...
nl.verhalenbank.23595
9