53 results
Dutch Keywords: militair
MEESTER BOVEN MEESTER In een van de Waterlandse dorpen woonde een hoefsmid die de kunst verstond om paarden te doen stil staan. Eens zei hij tegen zijn knecht: "Zal ik voor de aardigheid die wagen die daar aankomt eens laten stil staan?" Dat wou de knecht wel eens zien en kijk, het gebeurde. Het paard voor de wagen stond stokstijf stil. Toevallig zat er...
nl.verhalenbank.12797
Harke Woudwyk wenne mei Gels syn suster yn 'e Westerein. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte en dy soldaetsjes bigongen dan op 'e tafel to dounsjen.
nl.verhalenbank.17494
Yn Warten koe Sjoerd Ages soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er marsjeare. Hy brûkte in toverboek mei toverspreuken.
nl.verhalenbank.22995
Ik ha wolris by sa'n ien west, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Der wienen wol forskate dy't dat koenen. Mar as ik der by wie, koenen se it net. Ik sei dan: "Doch it ris." "Né," seinen se, "wy dogge it net."
nl.verhalenbank.24301
Us mem fortelde dat, doe't se noch faem wie, doe kom der us in feint by har yn Aldegea. Dy sei: "Sil ik us soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte?" Doe hied er dat dien en dy soldaetsjes bigounen moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.22770
By 't Fryskepealsterfallaet dêr wenne in man, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Dy soldaetsjes bigounen moai to marsjearen. Letter hat myn omke yn dat hûs wenne.
nl.verhalenbank.20429
Imke de Jong hat dêr yn Ljouwert ûnder tsjinst west. Hy wie faek oerhearrich en dan moest er yn 'e cachot. Mar dêr wie er samar wer út. Se koenen in doar net sabot skoattelje of hy kaem der út.
nl.verhalenbank.30405
Ymke de Jong wie gûchelder. Hy koe ien stom meitsje. Se ha him ûnder tsjinst op in joun yn in kast opsluten mei de fuotten boeid. De oare moarns woarde der appèl blaesd. Ymke forskynde kreas en netsjes. Op it lêst ha se him fuortjage.
nl.verhalenbank.23669
Reid Keuning fan Koatstertille wie in fremd man. As der guon by him wienen to jounpraten, dan sei er: "Sjogge jimme dy lytse minsken wol út 'e hurddobbe weikommen?" 't Wienen soldaetsjes. Mar ik koe 't net sjen, sei Rikele. Oaren seagen it wòl.
nl.verhalenbank.25152
Op 'e Koatstertille wenne Rein Keuning. Dêr siet jouns hast altyd in ploechje jongfolk. Hy wie fytsmakker. Hy liet soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dy marsjearden moai achterelkoar oan. Hy liet se der ek wer yn gean. Ik ha der noait hinne doarst.
nl.verhalenbank.25344
Under tsjinst wienen se forlegen mei him. Sy moesten dêr exerseare, mar hwat Imke to dwaen hie, dy wykte der by wei en roan op it wetter om.
nl.verhalenbank.24166
It gebeurde ek wol ûnder tsjinst dat in soldaet yn 'e nacht wekker woarde en yn in oar syn bêd seach, dat dêr in koepânse yn lei en net in minske.
nl.verhalenbank.16934
Pake hat minsken kend, dy lieten soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy soldaetsjes marsjearden.
nl.verhalenbank.22860
Imke de Jong hat yn Grins ûnder tsjinst west. Doe reinde it in kear. Doe liet Imke de soldaten allegear nei de kaserne ta gean yn 'e droechte en de hege ome - in offisier of sa, liet er fêststean, bûten yn 'e rein. Dy koe dêr net wer weikomme.
nl.verhalenbank.24356
Jehannes Heidbuurt fan Eastemar kaem op in kear by Reid Keuning yn Koatstertille. Doe liet Reid soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen to marsjearen. Doe waerd Jehannes bang. Hy doarst dy jouns net nei hûs ta en is dêr dy nachts bleaun.
nl.verhalenbank.30335
Tseard van Dekken wie boer yn Droegeham (earder wied er plysje). Dy fortelde, by him yn 'e skuorre wienen lytse mantsjes. Dy marsjearden dêr hinne en wer.
nl.verhalenbank.22324
Bearn wegwerker (Bearn Reitsma) koe soldaetsje ta de hurddobbe útkomme litte en dy marsjearden dan oer de flier. Bearn wenne yn Eastemar.
nl.verhalenbank.19788
As de lytse bern tsjirmen moest Piter Poes komme. Piter Poes koe de soldaten ta de hurddobbe útkomme litte. De bern wienen stjerrend-binaud foar him.
nl.verhalenbank.21773
Ik ha wolris heard, dat hjir in man wenne hat, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.24352
To Koatstertille wenne in man, dat wie Reid Keuning. Hy wie heal man en heal frou. Mar hy koe fan alles. Hy liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigongen dan moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.22694
52