Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Dutch Keywords: veranderen Place of Narration: Twijzelerheide
Tsjoensters hâlde wol in forgadering. Dan foroarje se har yn katten. Dan sitte se yn in stik greidlân en de iene raest mear as de oare. Sy sizze wol, dat it psalmsjongen is.
nl.verhalenbank.22135
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Nim noait hwat fan in tsjoenster oan, hwant dat kin yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.22134
In tsjoenster foroaret har faek yn in swarte kat. Hja mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan. De tsjoensters forgaderje yn 'e gedaenten fan katten. Alde Tet fan de Bulten wie in greate tsjoenster. Se wienen yn 'e Harkema allegear bang foar har. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens. Hie se trije krânsen klear dan gong dyselde dea. Myn...
nl.verhalenbank.10686
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
Hjir wennen wol in stik of hwat tsjoensters: Minne Ael, Tsjibbe Teats, Boate Griet. En dan wenne der op 'e Sânbulten ek ien. Hja koenen op 'e biezemstôk troch de loft ride, seinen se. Reinde it freeds, dan wienen se oan 't pankoekbakken. Se foroaren har yn katten en as sadanich forgaderen se yn 't greidlân. Ien kat hie de leiding. Ienkear yn 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.27382
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.23421
In kat kin him yn in minske foroarje en in minske yn in kat. Sa'n minske is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28445
In tsjoenster foroaret har yn in swarte kat. Dy katten forgaderje soms op in stik greidlân. Dan miauwe se.
nl.verhalenbank.38646
In apel fan in tsjoenster foroare yn in pod. Iet men sa'n apel op dan krige men in pod yn 't liif en dan gong men dea, wie 't sizzen. Se seinen froeger: "Net op in pod of in slak traepje, hwant dan bigjint it to tongerjen."
nl.verhalenbank.27390
Alde Minne Ael wie in tsjoenster; dy koe har yn in kat foroarje. Us Jitske en dy hienen ris op in joun west to jounpraten nei de buorlju. De bern wienen allinne thús, dy leinen al op bêd. Doe't se wer thús kamen siet dêr in hiele dikke kat by har yn 'e hûs. Jitske hat dy kat in goeije optuter jown. Doe wie dy kat samar ynienen fuort. De oare deis lei...
nl.verhalenbank.34465
Wy dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel. In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat koe âlde Minne Ael ek. Dat wie in tsjoenster. En Minne Brecht wie èk in tsjoenster. Ael hie in soan, dat wie Hindrik. Se wennen yn 'e Kule. Dêr wennen Wytse en Gjertsje ek. Op in joun rekken der by Wytse en Gjertsje twa fremde katten yn 'e kelder. Dy ramaeiden dêr...
nl.verhalenbank.38316
Oan 't Wyldpaed lei in stik lân, dêr roan altyd in kat troch 't gjers. Dy hie dêr in fêst paed. Der wie net in dier dat fan dat gjers frette woe. De eigners hienen dêr har nocht fan en sy seinen: "Dy kat sil dea." Op in middei roan dy kat dêr wer lâns. Hja fangden him en dienen him yn in sek. Doe ha se him yn 'e sek tsjin 'e muorre deaslein. Doe't se de...
nl.verhalenbank.22115
Yn 'e Houtigehage wienen twa froulju by elkoar to praten. De iene hie in koeke meinom. It minske dêr't se to praten wie, traktearre dêrfan. Foar harsels snie se in stik ôf mei noch in hiel lyts stikje. Dat lytse stikje iet se op. It greate stik die se tomûk yn in slútkoer, dy't oan 'e souder hong. "Hwat ha jo jou koeke gau op", sei it minske, dat dêr to...
nl.verhalenbank.20099
13