Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: schieten Place of Narration: Drachten
Der roan in hazze yn Aldegea, dy wie noait to reitsjen, seinen se. Forskate lju hienen der op sketten. Men woe wol ha dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.24941
As de tsjoensters har yn katten foroare hienen, hâldden se soms in forgadering. In stroper fan Drinte (by de Wite Wyk) fortelde my: Ik seach us in keppel katten by elkoar op in stik lân. 't Wienen allegear tsjoensters. Wy wienen togearre. Ik haw op dy katten sketten. Sy sieten yn in govert by elkoar. Op 't lêst stienen se allegear op 'e achterste poaten....
nl.verhalenbank.25564
Heit wie der faek mei Biesterveld op út to jeijen. In tsjoenster foroare har ek wol yn in hazze. Mar dy wie noait to reitsjen. Allinne mei sulveren kûgels.
nl.verhalenbank.27768
In tsjoenster foroare har wolris yn in kat. As katten forgaderen se wol. Dan songen se meimankoar. Sy rekken sa'n kat wolris. Dan wie der de oare deis in âld-wiif skeind. Dat wie de tsjoenster dan.
nl.verhalenbank.27763
Der wie ek ien, dy wenne yn 'e Parken (ûnder Grinzer Pein). Dat wie in âlde stroper. Alde Gjertsje wenne net sa fier fan him ôf. Gjertsje wie in tsjoenster. Flak by har yn 'e buert stie hwat moes (= boerekool). De stroper fortelde: "Dêr gong ik hinne to skilderjen by nacht. Ik lei dêr mei 't gewear to wachtsjen. Ja, dêr kom de hazze by 't moes. Rjocht by...
nl.verhalenbank.25408
Der wie in hazze, dêr loerde Bearn van der Woude al gâns in set op. Hy hie der al wit hoe faek op sketten. Dan fleach it hier him nei, mar altyd naeide dy hazze wer út. Bearn wie in streuper. Alde Teade Gjetsje wenne tsjin him oer. Dat wie in tsjoenster. Dy wie it; dy foroare har yn in hazze. Alle jounen siet dy hazze ta de koal. Op in nacht doe skeat er...
nl.verhalenbank.28243
Alde Rikele Myt wenne op 'e Skieding. Dat wie in tsjoenster. Sy hie mar ien eech. Der wie in jonkje by har, dat wie har pleechkind. Dy sei tsjin har fan beppe. Der kommen us op in kear jagers by harren yn 't heidefjild, dy fregen oan dy jonge of er ek in hazze sjoen hie. "Ja," sei de jonge, "ik ha àl in hazze sjoen. Ik wol 't jim wol sizze hwerre, mar dan...
nl.verhalenbank.26040
7