Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: nacht Place of Narration: Drachten
Doe't wy to Smelle Ie wennen kom der ris in skipper by ús. Dat wie Durk Bekker. Dy fortelde ús, hy lei ris mei 't skip op 'e rûmte. 't Wie yn 'e nacht en noch gjin tolve ûre. Hy moast der ôf, hwant der wie in freesliken geraes yn 't foarûnder. Doe't er dêr hinne gong en seach, wienen it dêr allegearre katten, dy bieten yn elkoar om. Hy lei der hwat lûken...
nl.verhalenbank.32696
Greate Jel wenne oan 'e Houtigehaechster wyk. It wie in tsjoenster. Hja hobbele yn 'e nacht mei in oanret skelkje foar op 'e planken om. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.25619
Doe't ik 26 jier âld wie, wenne ik yn Nijehove. Doe kaem dêr in skipper út Strobos mei syn skipke. Hy frege twa bruorren Cleveringa of se ek sizze koenen hwer't er molke krije koe. "Dêr by dy plaets wol", seinen se en sy wiisden it plak oan. Dy plaets stiet der noch. De iene fan 'e bruorren Cleveringa sei: "Jo binne âld frijgesel. Dy boer dêr hat in...
nl.verhalenbank.19701
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Feansterheide wenne in tsjoenster. Der wienen minsken dy hienen in poppe, dy gûlde de hiele nacht. De mem sei: "Dat docht dat âlde wiif." Doe sei de heit fan it bern: "Ik sil der achteroan." Doe gong er nei de wente fan 't âld-wiif. 't Wie yn 'e nacht. Sy siet yn 'e doar op 'e drompel. Hja hie twa katten by...
nl.verhalenbank.23500
Mem en heit ha yn Boarnburgum wenne. Heit hie altyd fan alles to keap. Sy wennen yn in blok fan acht huzen, dat hiet 'de Moune'. Sy hienen doe noch mar ien jonkje, dat is letter weirekke. Doe kom der op in joun in âld minske fan goed njoggentich jier by har. 't Wie de widdou Minke Oosterwoud. Sy frege of it lytse koopmantsje dêr wenne. Dat wie heit. "Ja,"...
nl.verhalenbank.16845
Hinse Beest Yn myn jonge jierren wienen de minsken hjir yn 'e Harkema hiel lichtgelovich. Hjir om ús hinne wienen ferskeidene, ferskeidene betsjoend. Jûnes hienen se slotgatten en alles stoppe, oars koenen de tsjoensters dêr troch fleane . Hjir wenne in âld man, dy neamden se fan Hindrik Pyt, mar hy skreau him fan Ophús. Dy gong foar in tsjoenster. It...
nl.verhalenbank.13005
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
7