Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht.
Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
nl.verhalenbank.19990
Alde Sije wenne by de Liuwepoel yn 'e Harkema.
Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wie mei in swarte kat trije kearen om 't tsjerkhôf hinne west en alle trije kearen hied er roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hied er in wikseldaelder krigen.
Alde Sije wie hielendal blau om 'e kop. Dat kaem fan 'e drank. Hy koe safolle drank keapje as...
nl.verhalenbank.22230