11 results
Dutch Keywords: voorteken
Hjir njonken hienen se froeger perseeltsjelân. Us muoike wenne oan 'e oare kant de wei, dy seach op in snein-to-joun hiel dúdlik, dat der in man mei in lantearne yn 'e hân it perseeltsjelân deltrêdde. Hy meat it út. Doe wist noch gjin ien fan hwat. Muoike woe ris sjen hwat foar keardel as dat wie. Sy gong der út, mar doe't se op 't lân kom, wie der net...
nl.verhalenbank.24349
Volksweerkunde Weerspreuken Mevrouw is bekend met weerspreuken, maar deze zijn passief aanwezig. Ze wist wel te vertellen dat men zegt dat de zee onweer niet aanneemt met eb. Het onweer is dus altijd met eb. Ook wist ze te vertellen dat als koeien loeien, dit duidt op onweer. rituelen goed weer Het is nog steeds de gewoonten bij gelovigen om te bidden...
nl.verhalenbank.42909
Us heit tsjinne by de boer. Der wie yn dat plak in feart mei in brêge der oer. Op in kear doe stie der in protte folk by dy brêge. Heit wie der ek by. Doe hearden se in stem út it wetter wei: "De tijd is der al, maar de man is der niet." Dat woarde in pear kearen achter elkoar sein. Mar der wie neat to sjen. Doe kom der in seas oan riden mei in hynder der...
nl.verhalenbank.20091
De Popke-poel yn 'e Boelensloane is tige djip. Sy ha dêr froeger de klyn út helle. By 't winter hurdrieden wy dêr wol op. Sy ha der us in stem heard. De tijd is er en de man is er niet. Der moest ien forsûpe. Even leter forsûpte dêr ien.
nl.verhalenbank.24230
Der stienen op in moarne bitiid us trije man oan 'e kant fan 't wetter. Doe hearden se in stem: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Doe is dêr dyselde deis ien forsûpt. Hwer't it gebeurde, wyt ik net mear.
nl.verhalenbank.20255
Op 'e Burgumermar is it gebeurd dat in reedrider by 't winter, doe't er by in wek lâns ried, in stem hearde: "De tijd is verschenen, maar de man is der nog niet." Krekt letter ried der doe ien yn it wek en is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.19843
Der stienen us guon by de âlde feart (= de Feanster feart, dy't fan Surhústerfean nei 't prinses Margriet-kan. giet), flak by de Harkema. Doe hearden se in stem. Dy kom út it wetter: "De tiid is der wòl, de man is der net." Fuort dêrnei kom der in man oanriden op 't hynder. Dy ried pardoes yn 'e feart en is fordronken.
nl.verhalenbank.22237
Skoanheit lei mei kanker op bêd. Hy wie o sa siik. It roan om 't lêste. Doe kloppe der ien bûten op 't glês. Dy sei: "De dood." Doe't se nei bûten gongen om to sjen, wie der net ien. Even letter wie skoanheit wei.
nl.verhalenbank.19885
Wy wienen matteflechters. As fanke moest ik in kear in matte flechtsje foar hiel âlde minsken yn Feanwâldsterwâl. Doe fortelde dat âlde minske my it folgjende: Ik wie in jongfaem, de âldste fan fiif bern. Heit en mem en de fjouwer oare bern dy gongen op in snein mei in boatsje nei de Falom. Achter Feanwâlden yn 'e Blauwe klyndobbe binne se alle seis...
nl.verhalenbank.21911
Yn Eastemar wenne in beurtskipper. Dy moest freeds altyd nei Ljouwert ta. Dan farde hy oer de Burgumer mar. Doe fortelde hy us in kear yn 'e skearwinkel to Eastemar, dat hy hie, doe't er midden op 'e Mar wie, in stim heard, dy kom út it wetter wei: "De plaats is er, maar de man is er niet." De skearbaes sei, dat woed er èk wol us hearre. De freeds dêr op...
nl.verhalenbank.22757
Froulju gongen froeger wol foar de swarte spwegel stean op 'e merk yn in tinte. As se de kiste krigen to sjen, dan soenen se net trouwe. Meastal krigen se it portret fan 'e takomstige man der foar en sy waerden ek gewaer hoefolle bern se ha soenen. De froulju seinen der in spreukje by op, dat sa bigong: Laat mij de man eens zien (dêr't se mei trouwe...
nl.verhalenbank.19306
10