Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: man gooien
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers. Sy seinen: "Je geld of je leven." "Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Achter Ljouwert hat men it Barra-hûs. Us heit fortelde, 't gebeurde dêr ris op in joun mei min waer dat der op 'e bûtendoar kloppe woarde. Doe't de boer dêr hinne gong stie dêr in frommes. Mar 't wie in rover. Mar dat wist de boer net. Dat frommes woe der graech yn en de boer liet har yn 'e keamer komme. Dêr gong se by 't fjûr sitten by de oare minsken....
nl.verhalenbank.29405
It Barrahûs is in boereplaets, tichte by Ljouwert. Dêr kom ris op in joun in frou by de doar. "Kin ik hjir ek oernachtsje?" frege se. "Jawol", sei de boer. In skoft letter kaem der in soldaet by de doar. Dy frege ek of er dêr sliepe koe. "Jawol", sei de boer. Doe sieten se by elkoar. De soldaet seach ris nei dat frommes en doe tocht er sa: "Dû bist in...
nl.verhalenbank.38588
Op it Barrahûs achter Ljouwert kom us in kear in frou, mar it wie yn werklikheit in keardel yn frouljusklean. Doe smieten se har in apel ta en dy heinde se op wylst se de knibbels tsjin elkoar oan smiet. Doe wisten se dat it in keardel wie. Sy fortrouden him net.
nl.verhalenbank.27037
Op in kear moest Hearke mei in partij jild nei Ljouwert ta to foet. Hy droech it yn in sek oer 't skouder. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kommen der twa man tofoarskyn, dy soenen him oanfalle. Hy pakte ien fan 'e mannen beet en woe him yn 'e Bonkefeart smite, mar hy kom oan 'e oare kant op 'e wâl tolânne. Doe wist de oare wol hoe let it wie. Dy hied er...
nl.verhalenbank.26143
Der wenne in boer op it Barra-hûs tichte by Ljouwert. Op in joun kaem dêr in frommes by de doar, dy frege of se dêr de nachts wol sliepe mocht. De boer hie dêr net folle mei op, mar affijn, dat moest dan mar. Doe sieten se de jouns dêr byinoar yn 'e hûs. De faem dy seach nou en dan ris nei de útfanhûzer en dy tocht: "Dat liket neat op in frommes. Dat...
nl.verhalenbank.37872
't Wie op in joune mei min en tsjuster waer. De boer siet by 't fjûr, doe kom der noch ien oan 'e doar. De boer gong der hinne en doe stie dêr in frommes. Dat frege of se dêr dy nachts bliuwe koe. Dêr hie de boer gjin biswier tsjin. Sy kom ek by 't fjûr to sitten. In skoft letter woardde der wer kloppe. Doe wie dat in man op in hynder. Dy frege ek al of...
nl.verhalenbank.17615
't Wie op in jountiid op in boerespul. 't Wie min waer en 't reinde dat it spielde. Doe kom der in frommes by de doar, dy woe dêr graech sliepe. Sy koe ûnmooglik fierder mei sok waer. Dat wie goed. Mar doe't se in skoftsje yn 'e hûs sitten hie, stie de boer it net rjocht. Hy tocht: dit kin wolris in manspersoan wêze. Doe smiet er har in apel ta. En dy...
nl.verhalenbank.23563
Myn wiif har pake hat oan dy wei wenne tusken 't Jachtfjild en 't Blauhûs. Sy wennen yn in plaets. Dy is der al lang wei, mar de hage stiet der altyd noch. Op in joun kom dêr in frommes, dy woe graech ûnderdak ha foar de nacht. Se lieten it minske der yn. Mar doe't pake har us in pear kear goed opnom hie, tocht er: Dû kinst wol us net in frommes wêze. En...
nl.verhalenbank.21217
Heit fortelde, Sterke Hearke roan froeger wol ris mei jild. Dat wie foar de banken. Dat moest dan nei in oar plak ta brocht wurde. Op in kear moest Hearke dat ek wer ris dwaen. Hy droech it jild yn in sek op 'e rêch. Der wienen in pear, dy wisten dat, dy hienen it op it jild forsjoen. Sy woenen Hearke pakke. Sy pasten op him en hienen har forskûle. Doe't...
nl.verhalenbank.27672
't Wie op in jountiid, sy sieten by de boer yn 'e hûs. Doe kom der in âld frou by de doar. Sy woarde der ynlitten, sy woe dêr dy nachts graech sliepe. Hja siet tusken de oaren yn en as se it wurd nom, tocht de boer by himsels: "Dû hast in manljuslûd." Wylst hja dêr sa meimankoar sieten kom der in soldaet mei in hynder oan. Hy sei tsjin 'e boer: "Kin ik...
nl.verhalenbank.23515
11