Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
57 results
Place of Narration: Harkema
In nachtmerje, sizze se, is ien fan sawn dochters. Sy komt ta 't slotsgat yn 'e hûs. Docht men in krús foar de drompel, dan kin se der net yn komme. Dan hat se gjin macht. Guon dienen ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se ek om tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.28616
Geart Hamstra wie by in boer yn 'e ûngetiid. Greate Mindert wie ek by dyselde boer. Mar Mindert wie in nachtmerje en kaem elke nacht by him, dat er hast gjin siken mear helje koe. De boer wie lulk op greate Mindert, hwant Geart sei: "Ik bliuw hjir net." Geart wie in prima arbeider, mar hy rekke fuort.
nl.verhalenbank.20133
Foar in nachtmerje mat men de klompen omkeare en ûnder 'e drompel duveldrek lizze.
nl.verhalenbank.33411
Pake fortelde, der hie yn 'e Harkema us in man west, dy hie de nachtmerje fangd en dat wie letter syn frou woarn. Woe men in nachtmerje keare, dan moest men it slotsgat tichtmeitsje en moal struije op 'e bêdden.
nl.verhalenbank.21389
Ik haw in boer kend, dy hie in hynder, dêr kom alle nachten in nachtmerje by. Doe hat de boer op oanrieden fan in oar it dier moal op 'e kont struid en sûnt kom se noait wer op 't hynder.
nl.verhalenbank.26247
Yn bjirkene beammen sjocht men wol faek prûkenesten. Heksebiezems wurde se ek wol neamd. De heksen fleagen troch de loft en strûpten soms troch de takken fan 'e bjirken hinne. De biezems bleauen dêr dan yn stykjen. Sa matte de prûkenêsten ûntstien wêze, wurdt der sein. Guon sizze: nachtmerjenêsten.
nl.verhalenbank.26278
Ik lei op bêd op 'e rêch mei de hannen ûnder 'e holle. Doe kom der in âld frommeske oan mei in blauwe tipdoek op 'e holle, in âlde, grize kadoffert. Ik wie oan 't stjerren ta, doe't se kom. Doe't ik op 'e side komme koe, wie 'k forlost. It wie in nachtmerje. Sokken komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.20953
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage. Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes...
nl.verhalenbank.17536
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan. Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Doe't ik noch by heit en dy yn 'e hûs wie, slepten wy op 'e souder. Hwat haw ik dêr faek lêst fan in nachtmerje hawn! Ik gong by de trap op en dan wie 't soms krekt as hie 'k der al in foargefoel fan. As ik op bêd lei, dan fornom ik dat se my by 't boarst opkrûpte. 't Bigong by de fuotten. As ik my mar gau omdraeide, dan wie 't fuort. Koe 'k my sa gau net...
nl.verhalenbank.32993
Ien fan sawn famkes is in nachtmerje. Sy komme troch 't slotsgat. Se ride ek op hynders om. Dan krije dy dieren 't ôfgryslike binaud, dan skoppe se der oer. En har bealch wurdt dweiltrochwiet fan swit. Dy nachtmerjes meitsje flechtsjes yn 'e moanjes. Nachtmerjes kin men net fange, se binne glêd. Men kin 't bêst moal op bêd struije om se to kearen. Ik...
nl.verhalenbank.19525
Ik wie noch yn 'e hûs en 'k lei op bêd. Doe hearde ik de nachtmerje oankommen. Hy kom troch 't kaeisgat. Ik hearde him dúdlik stappen. Doe sprong er op bêd en hy gong oer myn fuotten hinne. Op 't lêst doe hied er my al. Hy hat faek by my west. Sy sizze wol dat de nachtmerje ien fan sawn dochters is. Der wurdt wol sein dat men de klompen forkeard foar de...
nl.verhalenbank.25752
Ien fan Roel Bakkers jonges, Peters, hat forkearing hawn mei Harmke fan Knjillis Hut. Mar doe ha se Peters forteld, dat Harmke wie ien fan sawn dochters (letter binne der noch trije by kom), doe hat Peters de forkearing útmakke. Hy woe 't net riskeare om mei in nachtmerje to trouwen.
nl.verhalenbank.20954
Se seinen froeger: in nachtmerje, dat is in frommeske. Dy komt troch 't slotsgat yn 'e hûs en giet sa nei har slachtoffer ta. Men koe har keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten of troch moal op it gesicht to struijen. Se komme ek by hynders. Dy dieren ha dan de oare deis de moanjes yn 'e tiis.
nl.verhalenbank.33645
Nachtmerjes komme in bulte by hynders. Dan ha de hynders lange flechten yn 'e manen. Dan matte se skerpe seinen boven de hynders hingje. Dan komme de nachtmerjes net wer, wurdt der sein. As der in nachtmerje by in hynder komt, kin men dat skoan fornimme. Dan dânset it yn 'e stâl om en it is trochwiet fan swit.
nl.verhalenbank.32994
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs. Ien fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is in nachtmerje. Sy knipe jin de hals ticht. Men kin de toffels achterstofoar foar 't bêd sette of moal oer 't gesicht struije, dan kriget men der gjin lêst fan, sizze se.
nl.verhalenbank.28559
Men gong ek wol hinne en strui moal op 'e stuollen. Dêr wie in nachtmerje bang foar, hwant sy mocht bislist neat meinimme út it hûs, dêr't se kom. En moal hong maklik oan. Op oare plakken hongen se wol us fleartokken foar 't bêd. Op 'e rêgen fan 'e hynders struiden se gewoanlik kaf. Fan 'e sawn susters wie ien in nachtmerje. Der hat hjir yn 'e...
nl.verhalenbank.15785
Doe't wy yn Stiensgea wennen hienen wy nacht op nacht lêst fan in nachtmerje. En dêr wennen doe in hiele bult minsken dy't dêr lêst fan hienen. Der wennen twa bruorren njonken ús, dat wienen âldfeinten, hiele fremde mannen. Dy fortochten wy der fan. Doe't wy út Stiensgea wei wienen ha wy noait mear lêst fan nachtmerjes hawn. Wy setten de klompen altyd mei...
nl.verhalenbank.27286
Om in nachtmerje to kearen kin men moal foar 't bêd smite. Mar men kin noch better it 'Onze Vader' opsizze. Dat hat my altyd it meast holpen. As ik sei: "En verlos ons van den boze", dan hie 'k dêrnei gjin lêst mear. De nachtmerjes meije neat meinimme. Der hat in feint west, dy wenne by de boer. Dy hie ek altyd lêst fan nachtmerjes. Hy sliepte yn in...
nl.verhalenbank.17394
Gearte Harmke, ien fan 'e tsien dochters fan Knillis Hut wie in nachtmerje. Sy kom troch 't kaeisgat by in oar yn 'e hûs. De minsken struije moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen. Se sette de toffels ek wol achterstofoar foar 't bêdsté. Sy hearden de nachtmerje hast altyd wol oankommen.
nl.verhalenbank.28801
57