Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: verdwijnen Place of Narration: Harkema
Rêdde jy it op en kom op 'e side to lizzen, dan ha jy gjin lêst mear fan nachtmerjes.
nl.verhalenbank.17538
Geart Hamstra wie by in boer yn 'e ûngetiid. Greate Mindert wie ek by dyselde boer. Mar Mindert wie in nachtmerje en kaem elke nacht by him, dat er hast gjin siken mear helje koe. De boer wie lulk op greate Mindert, hwant Geart sei: "Ik bliuw hjir net." Geart wie in prima arbeider, mar hy rekke fuort.
nl.verhalenbank.20133
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage. Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes...
nl.verhalenbank.17536
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan. Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
De nachtmerje, dat wie de duvel. Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
Der wie in man, dy hie altyd lêst fan nachtmerjes. Hy sei tsjin syn buorman: "'k Bin nachts forlegen. De nachtmerje pleaget my sa bot, dat ik bin nachts oan 't smoaren ta. Ik wol der graech ôf wêze." Doe sei dy buorman: "Ik wyt rie. Ha jo wyt moal yn 'e hûs?" "Jawol", sei de man. "Set dan joun in poun moal op 'e tafel. As it tiid is fan op bêd geane jo...
nl.verhalenbank.16874
De boer fan "t Wytfean dy't mei in nachtmerje troude Wy hienen ris sa'n praatsje oer nachtmerjes en doe kamen wy op Gosse van Dam. Dat wie in dikke boer op it Wytfean, in man dy't der aardich wêze koe. Ik haw him noch wol kennen. Doe't ik in jongkeardel wie, mear as santich jier Iyn, kaam er wol op Feanster (Súrhústerfeanster) merke. It wie in grutte...
nl.verhalenbank.12466
7