Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: nacht omgekeerd
Myn man syn heit hie in pottekar in froeger jaren. Dan gyng it hynder nachts so gruwelijk tekeer. Nachts kwam de nachtmerje. Dy flocht flechten in de manen. Dat docht se sear, segge se. Minsken hebben ook last van nachtmerjes. Een nachtmerje is een frommeske. Ik hew wel papier in 't sleutelgat doen en de toffels omkeard foar 't bed set. En duveldrek onder...
nl.verhalenbank.25087
Sy hienen by Jehannes altyd alle klompen foar yn 't gonkje op 'e kop. Dan knoffele de nachtmerje de skonken. Alde Tiet krige de skuld. Dat wie de nachtmerje, seinen se by Hindriks Truis. Dy hie us in kear by harren de reed lâns gong. Hja hienen 'navend' tsjin har sein. Doe hienen se òmsjoen, en doe wie se spoarloas verdwenen. Jehannes wie stjerrend-binaud...
nl.verhalenbank.22219
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht. Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
In nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in frommes by 't bêd. De lju setten de toffels achterstofoar foar 't bêd, dan mienden se dat se der gjin lêst fan ha soenen.
nl.verhalenbank.33671
In nachtmerje komt nachts by jin op bêd. 't Is in frommeske. Men mat in hoasbân foar de bêdsplanke lizze en de toffels achterstefoar foar 't bêd sette, dan dogge se jin neat. Sy komme ta 't slotsgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.28133
Der wenne yn Grou in feint, dy liet syn faem yn 'e steek en hy gong nei in oare faem ta. Doe kom dy earste faem nachts by him as nachtmerje. Sy pleage him alle nachten sa bot, dat hy woarde der ûnsjoch en meger fan. Mar doe fortelden se him, dat in nachtmerje moest yn deselde fuotleasten stappe as deselde dy't se pleage. Doe sette er de toffels...
nl.verhalenbank.12309
Wienen der sawn famkes yn in gesin dan wie der in nachtmerje by. As men nachts op 'e rêch lei wie der kâns dat de nachtmerje by jin kaem. By 't fuottenein kaem se by jin, stadichoan kaem se heger, op 't lêst wie se oan 'e kiel ta. Lei men op 'e side, dan krige men der gjin lêst fan. In nachtmerje kaem troch 't kaeisgat. Set men de toffels omkeard foar 't...
nl.verhalenbank.36868
In nachtmerje koe in man wêze as in frou. By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138
8