Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
26 results
Dutch Keywords: bezoeken
Myn soan hat ek wol in nachtmerje hawn. Dan seach er de persoan wol njonken syn bêd stean. Dan woe er graech raze, mar hy koe net. Se knypte him de hals ticht.
nl.verhalenbank.29776
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje. Myn âld man en Ielke Kooistra hienen in skip. Sy klaeimodderfarden. Sy leinen achter Dokkum by in terp. Tichte by har lei in skip mei in âld wyfke. Doe hie Ielke tsjin myn man sein: "Hja sizze dan fan in nachtmerje. Mar dat âld-wiif koe wol us in nachtmerje wêze." Myn man sei: "Hwat praetstou fan...
nl.verhalenbank.25288
In wearwolf, dat wie krekt sa'n ding as in nachtmerje. In wearwolf kom by de manlju, in nachtmerje by de froulju. Ien fan sawn bruorren wie in wearwolf, ien fan sawn susters in nachtmerje.
nl.verhalenbank.20388
Ik wie boerefeint op 't Zandt yn Grinslân. Ik slepte yn 't bûthús yn in bêdsté. Op in kear doe't ik dêr lei, hearde ik fuotstappen de mjilgong delgean. Dy kommen rjocht op myn bêdsté ta. It hearde krekt as wie 't ien op klompen. Hy kom by myn bêd en gong op myn boarst sitten. Ik krige 't sa binaud, dat ik ha de hiele nacht noait in wink yn 'e egen dien....
nl.verhalenbank.27218
Myn skoansoan hie praet heard oer nachtmerjes. Mar hy leaude der net oan. Hy sei: "Nou woe ik wol dat ik ris in nachtmerje krij." Hy wie doe noch net troud en wenne by syn mem yn. Dy nachts gong er lizzen en doe kaem de nachtmerje by him. Hy wie op 'e rêch lizzen gien. De nachtmerje kaem earst by syn teannen, dat fielde er dúdlik, en sa kom se stadich nei...
nl.verhalenbank.29754
Ik ha wolris in nachtmerje by my hawn. 't Wie krekt in kat. Dy sprong op myn fuotten en gong sa stadichoan nei 't boarst ta. Dan koe 'k neat mear sizze. 'k Woe wol roppe, mar 'k wie machteleas. Op in kear doe kom der wer in nachtmerje by my. Doe forsette ik my sa bot ik mar koe. Ik sei: "Silstû it winne as ik." En dêr liet ik in grou flokwurd op folgje....
nl.verhalenbank.29775
29