Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
22 results
Place of Narration: Veenwoudsterwal
Yn Kûkherne stiet in pleats, dy neame se it Spoekhûs. Dêr mat it yn earder tiden yn spûke ha.
nl.verhalenbank.19645
To Hurdegaryp by Bennema-state, wie in hekke, dy wie altyd iepen. As se him jouns ticht dienen, wie er moarns altyd wer iepen. Dat gong sa mar fansels.
nl.verhalenbank.37971
Yn Hurdegaryp, op Bennemastate, stie in hekke, dy't altyd om 12 ûre yn 'e nacht iepen gong. Hy waerd dan iepen smiten troch in ûnsichtbere macht. Froeger is dêr ris in moard gebeurd.
nl.verhalenbank.38302
Op Bennemastate to Hurdegaryp wenne froeger dokter Bontekoe. Dêr wie in homeije, dêr koenen de hekken noait ticht bliuwe. Se gongen útharsels wer iepen, as se sluten waerden.
nl.verhalenbank.38102
Froeger doarsten se de Boppewei, fan Feanwâlden nei de Westerein net del fanwege 't spokjen.
nl.verhalenbank.38092
Op 'e Wâl stie in hûs, dêr spoeke it yn. It gong der altyd heislik oan wei yn dat hûs. Sa fleach der op in kear in stik fjûr dwars troch 't hûs hinne. As de man deis fuort wie, doarst it minske der net allinne mei de bern yn to wêzen. Dan gong se der mei de bern út, sa bang wie se. Op 'e souder stie in kachel, dy soenen se dêr us wei helje. Mar doe't se...
nl.verhalenbank.19633
Hjir op 'e Wâl op 'e hoek stiet in hûs, dêr gong de doar altyd fansels fan iepen, waerd der altyd sein. Dêr hat in sekere Durk yn wenne, dy hie him dêr ophong. As de doar dan wer iepen gong, seinen se: "Dû mast dêr bliuwe, Durk." Dan woe syn geest der yn. Dy wie dan wer warber.
nl.verhalenbank.37906
Op 'e Godleas Singel en by de Skilige piip spokke it.
nl.verhalenbank.38039
Hjir op 'e Wâl rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals, wurdt der sein. Mar ik ha him noait sjoen.
nl.verhalenbank.38173
Yn 'e Foksegatten spokke it. Dêr hienen jy de hege bult, dêr wie 't net kouster.
nl.verhalenbank.37878
Doe't pake in jonge wie makke Jan Eises him bang mei to fortellen dat der hjir op 'e reed nachts altyd in fôlle omroun mei in brijpoat om 'e hals. It waerd ús ek noch wol forteld. Wy wienen dan sa bang, dat wy doarsten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.38060
Njonken de meniste tsjerke to Feanwâlden is in slot, dêr reizge altyd in frou om, sawol nachts as deis. Deis wie se yn 't wyt en nachts yn 't swart. Soms gong se yn 'e berm lizzen. De oare moarns wie se der wei. Hja sei noait hwat. Dêr wienen guon tige binaud foar.
nl.verhalenbank.38062
In nachtmerje is in frommeske, dat altyd by in oar yn 'e hûs komme kin. Faek komt se troch 't kaeisgat. Se komt ek by de hynders. Dan binne de minsken der mei forlegen, sa geane se dan oan.
nl.verhalenbank.38063
Op 'e ein fan 'e Wâl oan 'e Hurdegariper kant spûke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.19631
Hjir oer de feart stiet in húske, dat is in echt spûkhúske. Dêr gong it altyd bot op in spûkjen. It gong dêr altyd op in klopjen. De bâelders rûgelen op 'e souder om. De minsken dy't dêr wennen woarden op 't lêst deabinaud.
nl.verhalenbank.38200
Yn 'e Foksegatten spoeke it. Twa jonges hienen dêr us sa bot oan 't fechtsjen west, dat de iene hie de oare deaslein. Dêr kom dat spoekjen fan.
nl.verhalenbank.19634
Us heit fortelde: Pake kaem ris in kear by de faem wei. Hy soe nei hûs ta. 't Wie nacht. Wy wennen hjir yn 'e bakkerije. Doe kom der him in houn achterop, dy roan hyltyd in eintsje foar pake op. As pake stean bleau, dan bleau dy houn ek stean. 't Wie in houn as in keal, sa'n greaten-ien. Doe't er by hûs wie siet de houn by har foar de doar. Doe doarst...
nl.verhalenbank.38061
Us heit gong froeger op 'e jounskoalle yn Burgumerheide. Mei in keppeltsje jonges wied er ûnderweis nei skoalle ta. Doe seagen se dêr ûnderweis hwat stean oan 'e kant fan 'e dyk, dat mat sa freeslike raer like ha, dat alle bern fleagen fuort, sa hurd as se koenen. Mar heit stie alhiel forwezen, hy koe net in stap forsette, sa hie de skrik him topakken. Op...
nl.verhalenbank.19643
Datselde minske hat forkearing hawn mei in smid. Mar dy miende it har net en dat krige hja yn 'e gaten. Doe't er op in joun by har west hie liet hja him út. Doe't er yn 'e spûkloane wie koed er ynienen net in stap fierder dwaen. Hy bleau stean dêr't er stie. Oant 4 ûre ta. Doe kaem 't minske by him en sei: "Nou mast mar nei hûs ta." Hja hie him dêr sa...
nl.verhalenbank.38300
Op 'e Skilige Piip, dêr spoeket in wite juffer. En de âlde hear spoeket dêr ek. Dy hat dêr in kiste mei jild yn 'e groun sitten. Nachts rydt er dêr lâns op it hynder. Dêr sit er achterstofoar op, as hy der wer wei giet, dan kin er sjen, as der ek guon hinne geane. In skynfet draecht er yn 'e hân. Dy skat dêr yn 'e groun, dêr hawwe etlike minsken al in...
nl.verhalenbank.19635
22