Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
66 results
Place of Narration: Twijzelerheide
Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde. Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne. It hat yn dat húske noait doogd. It wie in...
nl.verhalenbank.21995
Myn mem hie in suster, dat wie myn muoike. As dy nachts nei de plé ta gong kom der altyd in neaken popke by har opkrûpen en gong by har op 'e skoat sitten. De plé stie bûtendoar. Sjoukjemoai wie oars net sa gau fan 'e wize, mar ien kear ha se har dêr weihelle, doe wie se biwusteloas delfallen. Doe fortelde se ús heit en mem fan dat popke. Dat berntsje wie...
nl.verhalenbank.33435
Yn Sweagerfean spûke it ergens by in hekke. Dat gebeurde as it donker wie. Dan doarst net ien dêr mear lâns. Mar der wie ien dy sei: "Ik doar wòl." Hy naem in grouwe stok mei en dy stok neamde er 'Pypman'. Doe't er oan 'e hekke ta wie seach er dêr ien op 'e wringe sitten, dy hie in sauke (in lytse sauwe) by him en in brânnende lantearne. Dy lantearne die...
nl.verhalenbank.37664
Us heit is ris op in nacht de Lytse Wei lâns kom (tusken Harkema en Droegeham) mei trije skiep, dy't er nei Koatstertille bringe soe. Dat wie midden yn 'e nacht, hwant de Tilster boat farde om twa ûre al fuort nei Ljouwert ta. Doe't er oan 'e hoeke ta wie fan 'e Lytse Wei, dêr't nou de fytsmakker Pier Haga wennet, fornaem er hwat. Hwatte, dat wist er net,...
nl.verhalenbank.10679
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach. Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k. "Hwerom net?" frege de boer. "It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005
Klaes Kamstra hat syn frou tige min bihandele. Hy hat har wol sa bot slein dat se ûnder 'e blauwe plakken siet. En hy hat har wol oan 't hier út it bêd wei sleept. Doe kaem se to forstjerren. Alle jounen as hy fan 'e trein kaem fan 't wurk, dan moest er it tsjerkhôf foarby en dan fleach der elke kear in wyt ding út it graef wei nei de tsjerke-hikke ta....
nl.verhalenbank.22122
66