Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: schuur Place of Narration: Harkema
Der wie ek ergens yn Grinslân in plaets, dêr wie in skuorre yn, as de minsken dêr slepten, dan woarden se nachts samar fan 'e iene golle yn 'e oare smiten. De arbeiders praetten dêr ûnder inoar wol oer.
nl.verhalenbank.19979
Yn Readeskoalle yn Grinslân stiet in greate boereplaets, dêr spoeket it yn. Ien fan 'e Harkema wie dêr oan 't wurk en slepte yn 'e skuorre. Doe kom dêr yn 'e nacht in ding del, wylst hy dêr lei. It kom fan boven fan 'e hoannebalken en it kom boven op dy man del. Dêr woarde er sa binaud fan, dat hy raesde it út. Hy krûpte fan kleare bangens ûnder 'e...
nl.verhalenbank.19978
Yn Uthuzermeden wie in spoekskuorre. Yn 'e iene helte fan dy skuorre koenen se net sliepe. Dêr wie altyd in man mei in kalkene pipe, dy't dêr omspûke. Hja soargen der foar dat er frij paed hie en net steurd woarde.
nl.verhalenbank.21299
Wy wienen yn Úthuzermeden yn Grinslân by de boer yn 't wurk. Dy nachts leinen wy yn 'e skuorre op in rige. Us heit wie der ek by. Yn dy skuorre doogde it net. Der roan heit dy nachts ien oer de fuotten lâns, dy sweefde mear as dat er roan. Oaren hienen it spoek ek fornom.
nl.verhalenbank.25755
Op 'e Grinzer klaei, yn 'e buert fan Ulrum stie in hiele greate plaets. Dêr wie in hiele rige gollen yn 'e skuorre. Mar dêr wie ien golle by, dêr koenen se nachts net sliepe, hwant as se har dêr deljoegen, woarden se der útsmiten. 't Wie in spoekskuorre.
nl.verhalenbank.25772
By Warfstermoune stie in boereplaets, dêr wenne in boer op, dy wie âldfeint. Hy wie tige ryk en leefde dêr mei in húshâldster. Guon hjir út 'e Wâlden kommen dêr alle jierren by him yn 't wurk. Sy slepten dan nachts dêr yn 'e skuorre yn 't strie. Mar sy hearden dêr nachts altyd hwat. Op in kear doe seinen se tsjin 'e boer. Sy koenen nachts noait rêstich...
nl.verhalenbank.25721
Heit en âlde Rinse de Wind wienen froeger in soad by elkoar. It wie ris yn 'e winter en Tsjerk Beima hie dat jier ierappels forboud. Mar Tsjerk kom to forstjerren. Hy wenne oan 'e betonwei, dat wie doe in sânpaed, flak by de rotanfabryk. De ierappels sieten dêr yn 'e bult. Heit en Rinse setten dêr op ta op in nacht om fan dy ierappels to stellen. De âld...
nl.verhalenbank.29326
7