Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: nacht spoken Place of Narration: Harkema
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
By ús op 'e reed spoeke âlde Janke nachts altyd om. Op in nacht siet se midden op 'e reed as in roungear protsje mei de skelk om har hinne. Doe kommen wy der lâns.
nl.verhalenbank.22301
Op Koatstertille spûke in dikke swarte houn by nacht, seinen se altyd.
nl.verhalenbank.32635
By de dikke beam oan 'e beton-wei, tusken Harkema en it Bomkleaster stienen us op in nacht allegearre auto's. 't Wienen wite auto's, allegear. Dêr roannen nonnen tusken mei lange rokken oan, allegear yn 't wyt. En dêr wie hwat tusken har yn, dat wie krekt in altaer west, hielendal wyt. Myn op ien nei jongste skoansuster kom dêr dy nachts lâns. Dy hat it...
nl.verhalenbank.32749
Hjir yn 'e omkriten spoeke nachts ek in baerch om. Dy baerch waerd ek altyd fansels wer wei. De minsken wienen der tige bang foar.
nl.verhalenbank.19351
Op 't Fean roan yn 'e nacht in barchje om. Sjirk Bijma hie it sjoen. Alle lju skouderen dat plak, hwant dat barchje wie in spoekdier.
nl.verhalenbank.17532
By de dikke beam yn 'e Harkema is ris ien formoarde woarn. Froeger roannen dêr paden lâns skean oer 't lân. Nachts siet dêr by dy beam altyd in hiel âld-minske. Dat wie deselde dy't se dêr formoarde ha. Hja spûke letter.
nl.verhalenbank.26235
Myn omke wenne yn Grinzer Pein. Hy wie mattewever. Op in nacht om healwei ienen gong hy der op út mei in platte kroade. Dêr hied er in matte op dy't er oan 'e man bringe woe. Hy soe de kant nei Frentsjer út, dêrom wied er ek sa bitiid. 't Wie hwat mistich waer. Doe't er ûnderweis wie yn 'e buert fan Ljouwert, seach er ynienen in hiele greate kop. Dy wie...
nl.verhalenbank.25525
Fokke Alma (dikke Fokke) hat op Fiifhuzen wenne oan 'e Reitsmastrjitte. Dêr hied er in spultsje. Op in kear wied er op 'e fyts. 't Wie yn 'e nacht. Doe wie der op it eintsje fan Geart Haga nei de betonwei ien njonken him kom. Fokke wie tsjin him bigong to praten, mar dy oare sei neat. Doe't Fokke noait antwurd krige, woarde er binaud. Dy oare hâldde him...
nl.verhalenbank.22225
9