Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
30 results
Dutch Keywords: spookplaats spookschuur spoken
Yn guon huzen wolle de skuorredoarren nachts net ticht bliuwe. Docht men der dan duveldrek ûnder, dan bliuwe se ticht.
nl.verhalenbank.31565
Yn 'e Sânbulten stie in boerepleats, dêr gongen de doarren yn 'e nacht samar fansels iepen.
nl.verhalenbank.29635
Der wienen skuorren yn Grinslân op 'e klaei yn 'e bouhoeke, dêr spoeke it yn.
nl.verhalenbank.25410
Yn Rottum (in lyts plakje yn Grinslân) stie in spoekskuorre. Dêr gong it yn 'e nacht altyd op in klopjen en timmerjen. Yn dy skuorre koenen nachts gjin minsken forkeare.
nl.verhalenbank.20261
Yn Kloosterburen wie in skuorre, dêr spûke it yn. Dêr woarden se fan 't iene plak nei 't oare smiten, as se dêr oernachten. Dêr moest rûmte makke wurde, hwant dêr moest hwat lâns.
nl.verhalenbank.20103
Ik ha sjauffeur west en haw de keppels wol nei Grinslân brocht as se dêr hinne moesten to flaechsteppen ofsa. Dan hienen se it gauris oer spoekskuorren.
nl.verhalenbank.22066
De family van Koten to Eastemar die oan spiritisme. Mar op in kear waerd âlde Rienk van Koten samar in kâlde hân tastutsen fan in minske, dy't der net wie. En op in kear gongen de skuorredoarren samar wigewaeid iepen yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.21961
Yn Grinslân hie men spûkskuorren. De minsken dy't yn sa'n spûkskuorre slepten hearden nachts roppen boppe yn 'e skuorre. 't Lûd like op dat fan katûlen, mar dy wienen der net.
nl.verhalenbank.30132
By de boer Biesterveld yn Uthuzen wie ek in spûkskuorre. Dêr ha wy ek wol slept. Ik en myn man wienen doe noch net troud. Myn man en syn maet sliepten njonken elkoar. Hja hienen har horloazjes op in joun by elkoar lein yn 'e pet fan myn man. De oare deis koenen se de kettings fan 'e horloazjes net wer útelkoar krije.
nl.verhalenbank.30091
Der wie ek ergens yn Grinslân in plaets, dêr wie in skuorre yn, as de minsken dêr slepten, dan woarden se nachts samar fan 'e iene golle yn 'e oare smiten. De arbeiders praetten dêr ûnder inoar wol oer.
nl.verhalenbank.19979
By de Houtigehaechster wyk (= Skoallewyk) wenne âlde Karst. Dêr hat in jongfaem har al ris ophong. Yn 'e skuorre. Sûnt dy tiid spûke it dêr. Wy doarsten dêr jouns net lâns.
nl.verhalenbank.24685
Yn Zuurdijk by Leens wie èk in skuorre dêr't it yn spûke. As wy dêr nachts leinen, dan bigong alles dêr to skodzjen en dan bigong de tsjernmoune út himsels to draeijen. Guon fan 'e arbeiders sprongen dan wol op 'e tsjernmoune. Mar dan koenen se der noait wer ôfkomme, hwant hy draeide troch.
nl.verhalenbank.21895
Yn Easterwierrum wie yn in bûthús in bêdsté, dêr koenen se neat op hâlde. As se dêr jouns jirpels op leinen, dan leinen se de oare moarns yn 'e groppe.
nl.verhalenbank.21935
Ik ha faek yn Grinslân op 'e klaei arbeide. Dêr wienen skuorren, dêr doogde it net yn. Wy slepten altyd yn it strie, mar ik ha wol fortellen heard, dat der plakken wienen, dêr koe in minske bislist net lizze; dêr waerd er samar weismiten. Yn guon skuorren klapten de doarren yn 'e nacht. De weinen rieden samar oer de telle, de tsjernmoune gong, en al sokke...
nl.verhalenbank.30507
Mem kaem fan de Wylgen. Hja hienen dêr hwat buorkerije by har folk. Soms gong it dêr jouns by har op 't spultsje allerdonderst oan wei. Dan gong beppe nei achteren ta, fortelde mem. Dan waerden de doarren iepen smiten. Mar as beppe seach, wie der net ien. Hja tochten dan dat de kij fan 'e stâl wienen, mar dat wie net it gefal. It spûke dêr.
nl.verhalenbank.29641
Yn Grinslân binne boerepleatsen, dêr doocht it net. Yn bipaelde gollen mocht it folk net sliepe. Ik ha 't wol mei bileefd, dat de skuon of de klompen de oare deis in hiel ein fierder leinen. En soms hearden wy hiel dúdlik dat der yn klompen oer de skuorrereed stapt woarde. Ek rollen der soms weinen yn 'e nacht om.
nl.verhalenbank.25300
Yn Beerta hienen jy in spûkskuorre. Ik ha dêr wol slept, as wy dêr mei de keppel oan 't wurk wienen. Midden yn 'e golle mochten wy net komme. Dêr wie in kûle. Midden yn 'e nacht gong dêr samar in ljochtsje op. As dêr minsken hinne gongen, dan sonken se yn in djip gat. Dan sonken se yn 'e groun en men kaem se noait wer to sjen. De boer dy't dêr wenne, hie...
nl.verhalenbank.30090
Wy ha us yn in spoekskuorre sliept. Dat wie yn Grinslân by Beerta. De plaets wie leech. Der wie ek neat yn 'e skuorre. Dêr koe neat yn wêze, hwant al hwat se der delsetten, dat woarde oan kant reage of der útsmiten. Wy ha strie yn dy skuorre tôge om dêr to sliepen, mar de measten fan ús ha gjin wink yn 'e eagen krige.
nl.verhalenbank.20519
Myn heit hat us mei oaren nei de Grinzer klaei west om dêr to sichtsjen. Mar sy koenen gjin sichtsjen krije. Sy moesten ûnderdak ha. Doe seagen se op it lân in great hok stean, dat siet fol strie. "Jonge," tochten se, "dêr kinne wy moai yn sliepe." Dat sy gongen dêr allegear meimankoar yn. Sy woenen de doarren ticht ha, mar dat koenen se noait rêdde. Dy...
nl.verhalenbank.22247
Yn dyselde skuorre yn Uthuzermeden, dêr't it net doochde dêr wie yndertiid in bern formoarde woarn. It bloed fan dat bern, dat giet noch altyd by dy muorre lâns, dat kin dêr net wer wei.
nl.verhalenbank.30418
30