Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: spookhuis Place of Narration: Twijzelerheide
Wy ha de minsken dy't lêst yn dat húske wenne ha al us frege as it altyd goed wie by harren yn 'e hûs. "Nou," sei de man, "om it mar earlik to sizzen, goed wie it net." Mear woe hy der net fan sizze.
nl.verhalenbank.21998
In neef fan ús hat wol us by myn skoanfolk slept. Doe't er wer thús wie, sei er: "Ik wol dêr net wer hinne. It giet der dêr nachts sa bot oan wei yn 'e hûs."
nl.verhalenbank.21999
Wy ha yn 'e Falom wenne yn 't hûs fan âlde Knjillis. Doe't ik dêr hinne soe, seinen de minsken: "Dû mast dêr net hinnegean hwant it spokket dêr." Dêr ware alle nachten in frou om yn dat hûs, mei in bûnte skelk foar. 't Wie âlde Knjillis syn wiif. Knjillis wie froeger skipper. Doe't dy stoar binne wy yn dat hûs kom.
nl.verhalenbank.33425
Doe't skoanheit wei wie, spoeke it noch like goed yn it húske. It hat dêr altyd spoeke. De hinnen sieten boven op 'e matte boven de beesten en dy gongen soms midden yn 'e nacht sa bot to kear, dat de minsken woarden der wekker fan. Dan raesden dy hinnen moart en brân. Krekt as soenen se formoarde wurde. It hynder stie moarns soms los op 'e stâl. De doar...
nl.verhalenbank.21996
Myn swager Albert hie us op in snein-to-joun nei de faem west. Hy kaem thús yn 'e nacht. Hy slepte yn 't bûthús. Doe't er op 't bêd soe, wie 't krekt as kladdere der ien by 't bêd op en sa gong it by de souder op. En doe wie 't ien stik gewelt op 'e souder. Mar doe't Albert der hinne gong mei ljocht, wie der neat to sjen. In pear ûren letter kaem Albert...
nl.verhalenbank.21997
Op 'e Wytgeast dêr stie in hûs, dêr spûke it. Dêr fleagen de skuorredoarren nachts altyd samar iepen. As jonge stie 'k dêr ris mei in stik of hwat oare jonges fan sa'n fjirtsjin, sechstjin jier, mei de fytsen by ús. Wy stienen dêr foar de skuorredoarren, sûnder dat wy dêr erch yn hienen. Doe kommen der in pear manlju langs. Ien dêrfan, in âlde keardel,...
nl.verhalenbank.38642
Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde. Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne. It hat yn dat húske noait doogd. It wie in...
nl.verhalenbank.21995
7