Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Dutch Keywords: spookhek Place of Narration: Harkema
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dêr wie 't net plús mei. Presys om tolve ûre gong dy hekke altyd iepen. 't Wie de homeije fan Bennema-state.
nl.verhalenbank.25526
To Hurdegaryp stiet in villa, in wite villa, dêr't in dokter yn wenne hat. Dêr is in hekke by dy villa, dy giet altyd fansels iepen. Reade Haite syn folk ha yn dy villa wenne.
nl.verhalenbank.22280
To Hurdegaryp stiet in slot mei in hekke dy't se net ticht hâlde kinne. 't Is likefolle hwat men der oan docht, as meitsje se him de jouns ek nòch sa fêst, de oare moarns stiet er wer iepen.
nl.verhalenbank.32755
To Hurdegaryp is in hekke, dy't altyd fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.16082
Yn Hurdegaryp stiet in slot, dêr gongen de hekken altyd iepen.
nl.verhalenbank.26242
Yn Hurdegaryp stiet in slot-villa; dêr stiet in hekke foar dy hâlde se noait ticht. Om tolve ûre yn 'e nacht giet er iepen.
nl.verhalenbank.26233
Op it tsjerkhôf to Hurdegaryp, der matte twa neakene berntsjes omrinne. Der ha dêr twa murdejeijers west, út 'e Harkema, dy soenen dêr in murd snappe, mar doe seagen se dy berntsjes. Sy binne troch de lannen hinne stoud, sa kjel woarden se. Sy ha dêr noait wer west. De hekke fan dat tsjerkhôf stie altyd iepen. Dat kom, trochdat dy berntsjes dêr troch...
nl.verhalenbank.16833
Yn Hurdegaryp, by in great hearehûs, is in hekke, dy giet nachts altyd fansels iepen.
nl.verhalenbank.28595
De kant nei Ljouwert út is ergens in hekke oan 'e rjochter kant fan 'e wei. Dy hekke stie altyd iepen. Dy koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.27016
To Hurdegaryp stiet in hearehûs. Dêr ha se in hek, dat stiet altyd iepen. Dogge se it ticht, dan giet it út himsels wer iepen.
nl.verhalenbank.26358
Yn Hurdegaryp wie in greate hekke, dy stie altyd iepen. Dienen se him ticht, dat joech neat. Hy gong altyd fansels wer iepen. Dat sil de duvel wol dien ha.
nl.verhalenbank.27298
Yn Hurdegaryp is in hekke, dy kinne se noait ticht hâlde. Dy giet nachts altyd fansels wer iepen. Sy sizze, dêr is ris ien formoarde woarn en dyselde hat gjin rêst. Dy rint nachts troch dy hekke, dan giet dy foar him iepen.
nl.verhalenbank.28781
Ruerd van der Lei wie koopman yn hinnen en kninen en sa yn 'e Harkema. As er freed-to-moarns nei stêd ta gong en Taeke Alma syn spultsje passearde, dan stie de hekke dêr altyd iepen, wylst it fé doch yn 't lân bleau. Dat bruide der noait in kear út. De hekke woardde jouns ticht dien, mar moarns stie der altyd wer iepen. Dat mat wurk fan 'e duvel west ha.
nl.verhalenbank.16832
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
nl.verhalenbank.17523
To Hurdegaryp hat in hekke west, dy stie nachts altiten iepen. Dêr hat yn dat slot dat der by stiet earen in hiel foarname hear wenne. Dy syn dochter hie forkearing mei in earme feint. Dy feint mocht se net ha. Mar hja bleau altyd op him wachtsjen. Elke nacht hie se de hekke iepen, krekt sa lang oant hja stoarn is. Oan 'e dea ta hat se op dy feint wachte....
nl.verhalenbank.28799
15