Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: openstaan nacht spoken
Yn Idaerd dêr wenne in boer, by dy syn plaets wie in homeije dy't moarns altyd iepen stie. En dochs dienen se him jouns ticht. Sa'n hekke hat der ek yn Hurdegaryp west.
nl.verhalenbank.30974
By de homeije fan dokter Bontekoe wie 't net plús. De hekke gong altyd út himsels wer iepen, as men him sluten hie. Hy woe net ticht sitten bliuwe. Dat kom hjirfan, dêr gong nachts altyd in geest troch. Dy moest rûmte ha.
nl.verhalenbank.30421
It is rounom bikend dat de hekke fan Bennema-State to Hurdegaryp net ticht bliuwe koe. Die men him jouns ticht, dan wie er de oare moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.31638
Yn Ulrum yn Grinslân is in tsjerkhôf, dêr gongen nachts de hekken altyd iepen. Yn 'e buert fan Ulrum wie in boereskuorre, dêr gongen de skuorredoarren nachts iepen. Se ha der wol twa skoattels op dien, mar de oare moarns wienen se wòl wer iepen.
nl.verhalenbank.10692
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip. Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
To Bennema-state yn Hurdegaryp - nou in tehûs foar âlden fan dagen - stiet in hekke, dy't se noait ticht hâlde kinne. Docht men him ticht, dan giet er klokslach 12 ûre yn 'e nacht wer iepen. Mar as men hwat roggestrie om it slot hinne wuollen, dan bleau er ticht. De man dy't yn Bennema-state wenne hat, hie him oan 'e duvel forkocht. Doe't dy dea wie...
nl.verhalenbank.31032
To Hurdegaryp, dêr't earder dokter Bontekoe wenne hat, dêr is in homeije, dêr stiet de hekke altyd fan iepen. De bargeriders fan Broeksterwâlde moesten dêr yn 'e nacht fan tongersdei op freed altyd lâns. Op in kear sieten der twa Broeksters op sa'n bargewein. Doe't se oan 'e hekke ta wienen, sei de iene: "Sjoch, dêr giet in frommes hinne yn 'e...
nl.verhalenbank.30419
7