Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
239 results
Dutch Keywords: nacht spoken
Mem har âlden wennen to Bakkefean yn 'e Lange Jammer. Yn 'e tiid dat mem in famke wie gebeurde it faek let op 'e joun of yn 'e nacht, dat der turven fan 'e souder smiten woarden nei ûnderen ta. Gongen se der hinne om to sjen, dan wie der neat to rêdden. Pake sei dan: "Dêr komme de turven wer nei ûnderen ta." It gebeurde ek wol, dat der hielendal net iens...
nl.verhalenbank.19733
De kant út nei Kûkherne, oan 'e Noardkant, dêr wie froeger in bosk en dêr spoeken by nacht twa famkes. Der waerd sein, dat dy dêr formoarde woarn wienen. Ik haw wolris fortellen heard dat dy famkes forgroeid (oan elkoar groeid) wienen. Guon seagen der tsjin oan om dêr jouns lâns to gean.
nl.verhalenbank.29797
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
Oan 'e Feanster feart, flak by de Harkema stie in hûs mei fjouwer parrebeammen. 't Wie in arbeidershûs. It hûs is der wei, miskien dat dy parrebeammen der noch stean. Dêr dânsen nachts guon op 'e souder om, dan dreunde it der oer. De minsken wennen dêr noait langer as in jier. Langer koenen se it net úthâlde.
nl.verhalenbank.22313
Yn Aldegea, fortelde mem, stie in hûs mei in skuorrepeal, dêr't yn 'e nacht altyd neakene berntsjes om hinne dounsen. Dy berntsjes hienen gjin deaklean meikrigen. Dêrtroch hienen se gjin rêst.
nl.verhalenbank.30892
Yn it hûs, dêr't earder Bange Tryntsje yn wenne, wenne letter myn dochter en skoansoan Binne. Om tolve à ien ûre yn 'e nacht kom dêr altyd ien oan 'e achterdoar ta. Dan bigoun de doar to rinkeljen. Binne gong der dan ôf om to sjen, mar der wie noait hwat.
nl.verhalenbank.21760
Yn Grinslân binne boerepleatsen, dêr doocht it net. Yn bipaelde gollen mocht it folk net sliepe. Ik ha 't wol mei bileefd, dat de skuon of de klompen de oare deis in hiel ein fierder leinen. En soms hearden wy hiel dúdlik dat der yn klompen oer de skuorrereed stapt woarde. Ek rollen der soms weinen yn 'e nacht om.
nl.verhalenbank.25300
Yn Beerta hienen jy in spûkskuorre. Ik ha dêr wol slept, as wy dêr mei de keppel oan 't wurk wienen. Midden yn 'e golle mochten wy net komme. Dêr wie in kûle. Midden yn 'e nacht gong dêr samar in ljochtsje op. As dêr minsken hinne gongen, dan sonken se yn in djip gat. Dan sonken se yn 'e groun en men kaem se noait wer to sjen. De boer dy't dêr wenne, hie...
nl.verhalenbank.30090
Wy wienen us op 'e Grinzer klaei oan 't wjudden. Wy slepten nachts yn in boereskuorre. Froeger wie der in lûk by de boereplaetsen boven yn 'e souder. Doe foel der us ien troch 't lûk hinne. Dy wie opslach dea. Sûnt woarden dêr nachts de skuorredoarren altyd iepen dien sûnder dat der ien to sjen wie. Dat gebeurde om sa'n tolve ûre hinne. Dat mat dyselde...
nl.verhalenbank.24595
De hekke by it slot fan âlde dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stie altyd iepen. Die men him jouns ticht, de oare moarns stie er wer iepen. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat wol 'k us ûndersykje." Hy die de jouns de hekke ticht en hâldde dêr de wacht by. "Der mat in rare duvel komme," sei er, "dy't my hjir wer wei krijt en dy't de hekke iepen krijt." Mar...
nl.verhalenbank.22912
Oan dizze kant Ljouwert - yn Hurdegaryp - stiet in slot, in eintsje fan 'e wei ôf. De hekken fan dat slot gongen altyd fansels iepen as de klok tolve sloech. In man by ús wei, in sekere Oeds Steensma woe ris sjen as dat wol sa wie. Hy der op in joun hinne. Om tolve ûre woarde de hekke iepen draeid sûnder dat der ien to sjen wie.
nl.verhalenbank.25503
De lange Sleatterman hat froeger yn Earnewâld wenne. Hy is fordronken yn 'e Krúswetters en sûnt spûket er noch by de Saiter om. As dêr in skip lâns komt yn 'e nacht, dan stapt er op it skip en dan giet dat skip ûnder. Dêrnei giet er nei de oare kant. Hy brûkt dus sa'n skip as brêge. Skippers doarre dêr net lâns to farren by nacht.
nl.verhalenbank.30333
Ik ha wolris heard, dat hjir op 'e Tike nachts in greate swarte houn tahâldde, dy't by de minsken kom, mar dêr wyt ik it rjochte net fan.
nl.verhalenbank.32600
To Hurdegaryp stie it slot fan Bontekoe. Dêr wie in hekke by dat slot dy koenen se nachts noait ticht hâlde. Der wienen ûnbikende machten dy makken him wer iepen.
nl.verhalenbank.36464
To Hurdegaryp, by it hûs fan dokter Bontekoe stiet in hekke, dy kinne se nachts net ticht hâlde. Hwat se der ek oan dogge, hy stiet de oare moarns grif iepen.
nl.verhalenbank.36488
By dokter Bontekoe to Hurdegaryp stie in hekke, dy't altyd fansels iepengong. Dat gebeurde krekt om tolve ûre yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.36264
By dûmny yn 'e tún yn Droegeham stie froeger in âld hûs. Der wenne âlde Hindrik Wever (= H. Schievink). Dêr spoeke it. Men hearde nachts dat dêr weve waerd.
nl.verhalenbank.20058
By ús op 'e reed spoeke âlde Janke nachts altyd om. Op in nacht siet se midden op 'e reed as in roungear protsje mei de skelk om har hinne. Doe kommen wy der lâns.
nl.verhalenbank.22301
Sa mat der to Hurdegaryp in hekke wêze by 't slot fan dokter Bontekoe, dy't út himsels altyd wer iepen giet yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.36573
Op de Lange Sleatten by Earnewâld koe noait in skipper lizzen bliuwe. Yn 'e nacht waerd altyd it spit op it skip smiten. Dat die de Lange Sleatterman, dat wie in spûk.
nl.verhalenbank.31393
244