Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: kinderen Place of Narration: Harkema
By glêdde Klaes yn 'e Bosk (yn 'e Harkema) hat in húske stien. Dêr spoeken altyd twa neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.22095
Op it tsjerkhôf to Hurdegaryp, der matte twa neakene berntsjes omrinne. Der ha dêr twa murdejeijers west, út 'e Harkema, dy soenen dêr in murd snappe, mar doe seagen se dy berntsjes. Sy binne troch de lannen hinne stoud, sa kjel woarden se. Sy ha dêr noait wer west. De hekke fan dat tsjerkhôf stie altyd iepen. Dat kom, trochdat dy berntsjes dêr troch...
nl.verhalenbank.16833
Wy mochten ek net in mes nachts op 'e tafel lizze litte, hwant oars snijden oaren der mei.
nl.verhalenbank.22275
Wy mochten thús noait in boek iepen lizze litte foardat wy op bêd gongen, hwant oars woarde der yn 'e nacht yn lêzen troch forkeard folk.
nl.verhalenbank.22274
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
Oan 'e Nije Wei yn 'e Harkema, tichte by 't hûs fan Fokke en Syts wie froeger in âld dykje. Us mem en âlde Wyts kamen dêr togearre ris by nacht lâns. Doe seagen se twa neakene berntsjes, dy gongen oer de dyk. Mem hat it faek forteld. "Wy wienen sa bang," sei mem, "dat wy doarsten der hast net nei to sjen." Doe't dy twa berntsjes oer de dyk wienen, sei...
nl.verhalenbank.29327
Yn 'e Surhústerfeanster Mieden wenne in minske, dat forkocht molke en bûter. Dat minske woardde letter siik en rekke dea. Doe't se in skoftsje dea wie, seinen de bern tsjin 'e heit en de húshâldster: "Wy ha ús mem ek wer sjoen." De heit woe 't earst net leauwe mar letter kom hy har sels ek to sjen. Doe woardde er bang. Hy sei tsjin 'e húshâldster:...
nl.verhalenbank.16877
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
8