Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: avond Place of Narration: Harkema
Op 'e Fûgelkamp, seinen se altyd, dêr roan jouns in neaken berntsje om. "Dêr rint hwat," seinen se dan, "dêr net lâns gean."
nl.verhalenbank.22298
Aen Klokje (= A. Alma) roan ris op in jountiid allinne by de grouwe beam lâns doe seach er dêr de skime fan in keardel. Dy hie ek samar wer fuort west. It spoeke dêr altyd by de grouwe beam.
nl.verhalenbank.25746
Der moest jouns in strike flaeks om 'e brake boun wurde, foardat de lju op bêd gongen, oars woarde der yn 'e nacht troch brake.
nl.verhalenbank.22277
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
nl.verhalenbank.17523
Janne Met wenne op Readskuorre. Hja hat in dochter hawn, dy hiet fan Frouk. Dat bern woarde ôfgryslike min bihandele. Sy iet by de bargen krekt as de Verloren Zoon. Hja is dan ek stoarn. Mar doe't se goed en wol dea wie, stie se op in joun samar by de tafel. Dat is faker as ienkear gebeurd.
nl.verhalenbank.20952
Wy hienen in pake dy hiet fan Wibe. Op in joun kom er thús, doe hie der in houn foar de strjitte stien. Krekt foar de doar. Pake moest der troch. Hy hie in stok by him. Der hied er mei houd nei de houn, mar de houn wykte net. Hy hie hyltyd de tosken mar sjen litten en de stokslaggen hied er op 'e tosken ôfkeard. Sa gau as pake yn 'e hûs komme koe, die er...
nl.verhalenbank.22302
Hylke Tjipke kom by Tsjits op in snein-to-joun. Sy wienen togearre bûtendoar, doe kom der in fanke oan kuijerjen. Doe't it fanke Hylke en Tsjits dêr stean seach, gong se werom. "Bistû dêr, Tryn?" frege Hylke, hwant hy miende dat it syn suster wie. Mar it fanke sei neat en kuijere fierder. Tjipke gong har nei. Sy roan it hûs foarby en gong de kant fan de...
nl.verhalenbank.16879
Skoanheit en skoanmem wienen ris op in joun to praten by Jan Wopkes. Dy wenne by de Liuwepoel. Sy wienen oan Tije van der Meulen ta, doe wie dêr in frou fan 't hiem kom. 't Wie midden yn 'e nacht. Heit en mem moesten nei de Singel ta, dêr't se wennen. Doe't heit dy frou seach, sei er: "Och heden, âlde Antsje sil der wer op út." Hja hie in greate ljochte...
nl.verhalenbank.32739
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema stoar in frou. Doe krige se in deadskleed mei yn 'e kiste, dat wie ryklik lang. Nei in skoftsje kom dat minske jouns by de glêzen bûtendoar fan it hûs dêr't se yn wenne hie. En dan sei se: "To lang... to lang..." Dat gebeurde de iene joune nei de oare. Doe op in kear seinen se tsjin 't minske: "Skuor der dan in stik ôf." Doe...
nl.verhalenbank.32989
Us mem hat us in pleachbeest njonken har hawn. Sy hie in heal brea ophelle by jountiid fan 'e bakker. Sy droech dat ûnder 'e linker earm. Yn 'e oare hân hie se de slútkoer. Doe kom der in dier op har ta, dat wie folle grouwer as in houn. 't Hie hiele greate, gleone eagen. Mem wie stjerrend binaud. It dier roan oan 'e kant dêr't se it brea droech. Doe hie...
nl.verhalenbank.15902
It nije tsjerkhôf op 'e Harkema wie krekt klear, mar der lei noch gjin op. It baerhûs stie der al. Heit en dy wennen yn it hûs dêr't ik nou wenje, dat wy hienen doe it tsjerkhôf ek al flak achter ús. Op in joun, doe't it tsjuster wie, kom heit achter hûs. Doe seach er de kant nei 't tsjerkhôf út en doe ûntdekte hy hwat boven op it baerhûs. It wie in wite...
nl.verhalenbank.25735
De bonken yn 'e bientsjekou. Der wenne ergens in jongfeint, dy wie net gau bang. Hy wedde mei it jongfolk, hy soe op dy en dy joun let nei 't tsjerkhôf en in deabonke út 'e bientsjekou helje. Dat wie dus ôfpraet. Mar de koster, dy't der fan ôfwiste, forskûle him achter de bonken. Hy hie in wyt lekken om him hinne dien. De jonge pakte in bonke. Doe sei de...
nl.verhalenbank.20827
12