Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
24 results
Place of Narration: Rottevalle
Op 'e hoeke fan 'e Mûzegroppewei roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29599
Yn it Spûkeloantsje op it Wytfean spûke froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals. 't Is in sydloantsje fan 'e Mûzegroppewei. Wigers Jits (widd. Benediktus) hat dy fôlle dêr in pear kear sjoen by nacht.
nl.verhalenbank.29570
By de Fûgelkamp yn 'e Harkema spûke it froeger altyd. Yndertiid binne dêr fjouwer berntsjes yn in hûs forbrând. Letter spûken dêr altyd fjouwer lytse neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.27719
To Hurdegaryp wie in homeije, dy stie altiten iepen. Dy koe net tichtbliuwe. Ik ha dy hekke noch noait ticht sjoen.
nl.verhalenbank.29598
Froeger farde de Feanster boat apart mei arbeiders út Feansterheide en de Harkema ensa nei Grins ta. Dy't op 'e klaei oan 't flaechsteppen en sichtsjen en wjudden wienen, slepten yn boereskuorren. Dêr wienen spûkskuorren tusken ha 'k wolris heard, dêr woarden de minsken fan 't iene plak nei 't oare smiten.
nl.verhalenbank.27723
By ús yn Aldegea roan froeger nachts op 'e Heawei in fôlle mei in brijpot om.
nl.verhalenbank.27744
Yn 'e omkriten fan Rottefalle hâldden froeger wite wiven ta.
nl.verhalenbank.33731
Om 'e grouwe beam hinne oan 'e Bomkleasterwei dounsen froeger neakene berntsjes. Dy wienen dêr formoarde.
nl.verhalenbank.33004
Op 'e Mounehoek yn Aldegea (op 'e Sânbuorren) dêr roan froeger in wite dame. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.27758
Doe't ús mem net mear op har sels wêze koe kom se by Schoppert op Wilhelmina-hoeve yn in keammerke ûnder Grinzer Pein. Dêr wie in minske yn dat keammerke forstoarn. Op in kear fortelde mem my: "Dat minske dat hjir yn dit keammerke forstoarn is, hat by my west. Ik seach har stean en ik hâldde it gesicht op har. Hja hie sokke moaije klean oan." "Wie mem net...
nl.verhalenbank.32825
Heit har ris mei ien fan myn bruorren op 'e kroade nei Surhústerfean ta west. Myn broer wie doe noch in jonge. Doe't se by 't Blauhûs wienen, sei heit: "Sjoch, dêr komt it oan." 't Wie swart, hwat greater as in houn en hwat lytser as in keal. 't Wie in pleachbeest, dat har foarby gong. It die har neat.
nl.verhalenbank.36163
Oan it paed fan Boelensloane nei it Blauhûs wie op it lêste ein in hulzen hage. As ik en myn broer dêr lâns gongen wienen wy altyd deabinaud. Hwant dêr spoeke altyd in grouwe, swarte houn, seinen se. Dat wie in pleachbeest. Ik ha gelokkich noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.27718
Op 'e Bomkleasterwei, de kant nei de Ham út, yn 'e Harkema, dêr spoeke in hiele grouwe, swarte houn; in houn as in keal.
nl.verhalenbank.33003
By de dikke beam oan 'e Bomkleaster wei yn 'e Harkema spoeke in man, dy stie dêr altyd yn 'e daem. In protte minsken doarsten dêr jouns net lâns.
nl.verhalenbank.32971
Yn 'e Houtigehage roun in houn yn 'e dykswâl om mei in koperen tabaksdoaze dwars yn 'e bek. Dy roan dêr mar hinne en wer. In spoekhoun. Hy joech ek lûd. Guon dy't him dêr ris seagen, woarden sa binaud, dat sy fluchten meielkoar op bêd.
nl.verhalenbank.34450
By de Krúswetters koenen de skippen noait fêstlizzen bliuwe. Dêr spûke de Lange Sleatterman, dy't de skippen yn 'e nacht losmakke en de ankers op it dek smiet.
nl.verhalenbank.34451
Sweitse de Wit seach oan 'e Terpstra-wei - sydpaed fan 'e Spekloane - by tsjuster altyd in fôlle rinnen, dy't dêr omspoeke.
nl.verhalenbank.20975
Alde Sweitse de Wit, dy't arbeider wie by Sytse Rinsma fortelde dat er in fôlle sjoen hie mei in brijkrûk om 'e hals tichte by de tsjerke yn 'e Rottefalle.
nl.verhalenbank.34447
Oan 'e wei fan 't Jachtfjild nei 't Blau-hus sahwat skean tsjin 'e plaets oer, dêr't Atse van Wieren wenne hat, oan 'e linker kant fan 'e wei stiet in hage. Dêr hat froeger in boerespul achter stien. Dêr spoeket it. Dêr sloech altyd in frommes om mei lang, swart hier.
nl.verhalenbank.33063
Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane. Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach...
nl.verhalenbank.29578
24