Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
17 results
Place of Narration: Opeinde
Yn Hurdegaryp, by dokter Bontekoe wie in hekke, dy't net tichtbliuwe woe. Dat is yn hiel Fryslân bikend.
nl.verhalenbank.29623
By it Tykster brechje (it brechje op 'e Tike is der nou net mear) spûke it. 't Wie dêr net suver, seinen se. In bulte wienen dêr bang.
nl.verhalenbank.29620
Yn Grinslân hienen jy spoekskuorren. 't Gebeurde wol dat de minsken har de jouns boppe op it hea deljoegen en dat se de oare moarns op 'e telle leinen.
nl.verhalenbank.33142
Us pake fortelde, dat der spûke froeger in wite dame op 'e Kletten. Mannichien hie har by nacht sjoen. De Kletten lizze by Drachten. Pake wenne op 'e Tike.
nl.verhalenbank.29612
Yn 'e Rottefalle spûke froeger in hynder mei in fôlle yn 'e bek. Der kaem dêr in famke út 'e jounsskoalle, dat fleach sûnder klompen oan nei hûs ta. "Hwat skeelt dy?" frege har heit. "It hynder siet my achternei mei de fôlle yn 'e bek", sei se. Dit is al hiel lang lyn.
nl.verhalenbank.29615
Op 'e Hearrewei spûke it altyd.
nl.verhalenbank.20863
Op it tsjerkhôf yn 'e Westerein sweefden altyd wite wezens. Dy kommen út 'e graven wei.
nl.verhalenbank.33134
Op 'e Kletten spûke nachts in wite dame op it plak, dêr't nou de bungalow fan Algra stiet.
nl.verhalenbank.20864
Op 'e Mounepaden to Aldegea spûkje wite wiven.
nl.verhalenbank.20143
Op 'e Swichumerdyk (fan Swichum nei 't ) spoeke froeger in ruter op in wyt hynder.
nl.verhalenbank.20849
Dy't de neils op snein ôfknipt mat hjir skielk wer komme om dy neils op to sykjen.
nl.verhalenbank.29621
Yn 'e Westerein wie ergens in plak, dêr doarsten de minsken nachts net lâns, omdat dêr in pleachbeest omroan. Sa'n pleachbeest seach der út as in grouwe houn.
nl.verhalenbank.33136
Willem Lap dy wenne tusken de Skieding en de Oerterper feart yn. Hy seach mear as in oar. Op in kear wie der ien stoarn. Dat wie Jan Pool. Syn dochter Mart wie al in pear jier wei. Doe sei Willem Lap sa: "Mart hat fêst net sa bêst mei har heit kind, hwant dy spoeke hjir niis noch om."
nl.verhalenbank.33666
Sytse en Diuwke wienen âlde minsken. Doe kom Diuwke to forstjerren. Dêr wienen sulveren en gouden slotten, dy hienen fan Diuwke west. Diuwke hie tsjin Sytse sein, dy moesten dy en dy ha. Mar dat hie Sytse net dien. Op in nacht wie Diuwke by 't kastje kom, dêr't de sieraden yn leinen. Hja hie gjin rêst yn 't graef salang dy sieraden net toplak wienen.
nl.verhalenbank.33141
Op in iere moarn yn 'e simmer, likernoch om twa ûre hinne ried ik mei myn kameraed út 'e Westerein wei nei 't wurk ta, op 'e fyts. Wy wienen sahwat oan 't Suderstasjon ta, doe fleach dêr de gestalte fan in frommeske dwars oer de wei hinne. Foar ús. It sweefde. Wy woarden alderheislikste kjel. It woarde wei oan 'e oare kant tusken 'e beammen. It gebeurde...
nl.verhalenbank.33075
Tusken Gariper brêge by Aldegea en it Westersân (yn 't Wêst fan Aldegea) dêr stie de man mei de hantsjepyk, dêr't de minsken allegear stjerrend-binaud foar wienen. (Pake moest mei syn mem dêr lâns op in joun. Syn mem trille as in blêd oan 'e beam, sa bang wie se. Pake hie in grouwe stok by him. Beppe sei: "Dêr stiet er al." Pake soe slaen. Hy ûnderhelle...
nl.verhalenbank.20142
Dyselde Piters Willemke wie ris in kear slim siik. Sy wie dea-min. Der wie in buorman dy wekke altyd by har, hwant de minsken tochten dat it sa fier mei har wie dat se elk momint stjerre koe. Dy man hie op in nacht wer by har wekke. 't Wie sahwat fiif ûre yn 'e moarn, doe soed er nei hûs ta. Willemke wenne in eintsje fan 'e wei ôf. Doe't er by de daem kom...
nl.verhalenbank.33076
17